Op de Fryske Twitterdei hienen wy ús Skotske freonen op besite om’t se wol ris sjen woenen hoe’t sa’n Twitterdei no eins giet. Tassen fol trúks en tips hawwe se mei nei hûs nommen en no 1 maaie gean se sels los mei de Gaelic Twitterdei!

It Skotske Gaelic, of noch better sein it ’Ghàidhlig’ is lykas it Frysk in minderheidstaal. Der binne noch sa’n 60.000 Gaelic-praters en ús freon Jaimy Wallace wol it Gaelic ek op ynternet in plakje jaan. Dêr helpe wy him fansels graach by!
Wolsto ek meidwaan? Stjoer dan in tweet de doarút mei #Gàidhlig en lit sjen datsto de Gaelic-Twitterdei stipest! Lytse talen kinne grut wêze, ek op it ynternet! Dat hawwe wy wol oan de Fryske Twitterdei sjoen!