Us Doutzen hat har folgers op Instagram efkes subtyl witte litten dat se it Frysk noch lang net ferleard is. Se sette in foto fan har bad op it fotoplatfoarm, mei op de badrâne boartersguod fan Nijntje en in boekje fan Tomke mei de tapaslike titel ‘Boartsje yn bad’. By de foto skriuwt Doutzen ‘Bath time’.

Doutzen hat al faker yn de media ferteld dat se har beide bern, soantsje Phyllon en dochterke Myllena Mae, yn it Nederlânsk en it Frysk grutbringt. Tsientallen Friezen ha al reagearre op de foto. Sa skriuwt suusy77: “Oh wat gaaf dat je Tomke gewoon hebt staan!” en richt89 reagearret mei “Ooh Tomke… it is sa leuk!!”. It model hat hast in miljoen folgers op Instagram.

0 Reaksjes
101 Views