Easterbarren, Eastermar
De Praatpeal wie der ek dit jier wer by. It tsiende Easterbarren spektakel yn Eastermar! Besjoch gau de filmkes!
Nei de filmkes >
The Leip Break
Feest op it Aldehouster tsjerkhôf. Feest foar alle earstejiers yn studintestêd Ljouwert. Benijd wat it opsmiten hat? Tsjek de Praatpealfilmkes!
Nei de filmkes >
Keunstmerk Dokkum
Tussen kunst en kitch yn Dokkum op de Keunstmerk en wy wienen der by mei de Praatpeal! Fansels levere ek dit wer in pear prachtige filmkes op. Niks kitch, mar authentike live-bylden!
Nei de filmkes >

Wêr/Wannear kinsto foar peal stean? Sjoch hjir wannear't de peal mei kamera en mikrofoan by dy yn de buert is!
Frijmerk yn Nijemardum | za 11 sept | 10.00 oere
Op sneon 11 septimber is der wer in frijmerk yn Nijemardum. Elk dy't opsyk is nei nij âld guod kin him de eagen út 'e bûse sjen. Dat bist opsyk nei wat bysûnders, kom even del en fertel de Praatpeal yn it foarby gean even ofst al wat fûn hast!

!UIT yn Prinsetún yn Ljouwert | za 18 sept | 13.00-18.00 oere
Op sneon 18 septimber stiet de Praatpeal op !UIT; de iepening fan it kulturele seizoen yn Ljouwert. Yn de Prinsetún is fan alles te belibjen, te sjen en te dwaan. Gean op de foto op it PraatmarFrysk-bankje of mei Tomke, jouu ús dyn moaiste Fryske wurd troch of stjoer in boadskip nei Rinze de Kikkert en syn freon Ate, dy't yn de fiver te finen binne.

En fierder komt de peal noch by:

 
Wy fan Praat mar
Frysk meitsje in
soad mei. Lês hjir wat wy allegear betinke en belibje mei Doutzen, Pieter, Wout en mei jimme...


Rinze by jim útfanhûs?
freegje it hjir oan!
Wolle jim Rinze de Kikkert ek in pear dagen as útfanhuzer hawwe op jim skoalle? Dat kin! Stjoer dan in mailtsje nei: praatmarfrysk@gmail.com en wy nimme kontakt mei jim op!
26 aug 2010 11:42 Reageer! (0) reaksjes trochstjoere
Rinze út fan hús
op de IBS de Westereen
Rinze de Kikkert is gek op úfanhúzjen. Hy reizget it leafst alle basisskoallen fan Fryslân ôf om safolle mooglk freontsjes en freondintsjes te meitsjen. Ofrûne kear wied er út fan hûs op de IBS de Westereen. En hy fûn it prachtich, wat in leave berntsjes en wat hawwe se in soad dien! Hy hie sels syn egein bêd!
12 aug 2010 14:11 Reageer! (0) reaksjes trochstjoere
Rinze hat de hik!
Kleurplateboekje mei ferhalen foar bern
'Rinze hat de hik' is in boekje mei in grappich rymjend ferhaal oer Rinze de Kikkert. Hy hat de hik, mar hoe komt er der wer fanôf? De tekeningen kinne ynkleure wurde. Leuk foar thús én op skoalle. Skreaun troch Ate Grypstra mei tekeningen fan Laurens Bontes.
03 aug 2010 11:14 Reageer! (0) reaksjes trochstjoere
Jou dy del!
op it Praat mar Frysk-bankje
Guon fan jim hawwe him grif al stean sjoen, it ienige echte Praat mar Frysk-bankje foar de boekwinkel fan de Afûk. Bist ferplichte om mei dyn freondinne de stêd yn om te shoppen, dan kinst dy fan no ôf oan lekker del jaan op it Praat mar Frysk-bankje.
09 jul 2010 15:08 Reageer! (0) reaksjes trochstjoere
  ««  « Vorige  1  2  3  4  5  Volgende »  »»  
Tip de redaksje
Stjoer ús dyn links, nijs, geruchten, foto’s, filmkes,
muzyk en alle oare spam!

Bestel fergees de Praat Mar Frysk buttons, de posters, de lippen fan Doutzen, de boomerang kaarten en noch folle mear. We stjoere it fergees dyn kant út! Mar we ferwachtsje wol datsto in foto of in filmke makkest as tsjinprestaasje. Dy sette we dan wer op de site fansels!

Us foarried is net hiel grut, dus it kin wêze dat dyn bestelling net altyd útfierd wurde kin.


Nei de Praat Mar Frysk winkel ta! >


Miskien fielt de peal him ek prima thús op
dyn evenemint! Toaniel, snertrace, muzyk,
blomskikken, bradery, alles kin en mei. We
kinne neat belove, mar freegje de peal oan fia
dit e-mailadres en dan nimme wy kontakt mei
dy op oer it hoe, wat, wannear en wêrom.


Skriuw dysels, mei dyn emailadres, yn foar de PMF Nijsbrief.
  

Home |  Hoe doch ik mei? |  PMF Shop |  Bedriuw en Frysk |  Foto's |  Fideos |  Blog |  Downloads |  Ambassadeurs
Nim kontakt op mei it Praat Mar Frysk team