Wêr/Wannear kinsto foar peal stean? Sjoch hjir wannear't de peal mei kamera en mikrofoan by dy yn de buert is!
Frijmerk yn Nijemardum | za 11 sept | 10.00 oere Op sneon 11 septimber is der wer in frijmerk yn Nijemardum. Elk dy't opsyk is nei nij âld guod kin him de eagen út 'e bûse sjen. Dat bist opsyk nei wat bysûnders, kom even del en fertel de Praatpeal yn it foarby gean even ofst al wat fûn hast!
!UIT yn Prinsetún yn Ljouwert | za 18 sept | 13.00-18.00 oere Op sneon 18 septimber stiet de Praatpeal op !UIT; de iepening fan it kulturele seizoen yn Ljouwert. Yn de Prinsetún is fan alles te belibjen, te sjen en te dwaan. Gean op de foto op it PraatmarFrysk-bankje of mei Tomke, jouu ús dyn moaiste Fryske wurd troch of stjoer in boadskip nei Rinze de Kikkert en syn freon Ate, dy't yn de fiver te finen binne.
En fierder komt de peal noch by:
|

|
|
Wy fan Praat mar Frysk meitsje in soad mei. Lês hjir wat wy allegear betinke en belibje mei Doutzen, Pieter, Wout en mei jimme...
Frank hat meidien oan de Alvestêdetocht
|
It wie in bjusterbaarlik barren
Ha Frits, jonkje! Noch de bêste winsken foar 2009! Do fregest hoe't it waar hjir wie. No, it is hjir aardich winter. Ik ha sels al meidien oan de Alvestêdetocht. It foel my neat ôf, ik ha my tige fermakke. Sjoch mar eefkes nei it filmke.
|
 |
08 jan 2009 10:05
Reageer! (0) reaksjes trochstjoere
|
 |
Nije filmkes fan Frits
|
Frits nimt ôfskie fan Harm Duim
Ja hoi! Ik soe noch wat filmkes stjoere en dy binne no klear! Sjochst my noch op de Filipijnen mei Harm Duim en ek hoe't Harm en ik ôfskie fan inoar nimme yn Singapore. No sil ik wer mei John Bruinsma fierder!
|
 |
30 dec 2008 13:07
Reageer! (0) reaksjes trochstjoere
|
 |
Berjocht fan Frits
|
Frits hat in nije reisgenoat
Ha goeie lyts broerke! Hjir eefkes in berjochtje fan my, Frits. It hat eefkes duorre mar ik ha in nije reisgenoat. Hy hjit John Bruinsma en wennet yn Singapore.
|
 |
29 dec 2008 16:02
Reageer! (0) reaksjes trochstjoere
|
 |
Van Wieren grutte winner 'Dialectfestival'!
|
De publykspriis gie ek nei Van Wieren
Us PraatmarFrysk-húsband wie juster de grutte winner fan it Dialectpop Festival Nederland. En ja, wy witte it... Frysk is gjin dialekt mar in taal, namste knapper dat se wûn ha, of net dan!:)
|
 |
28 dec 2008 19:31
Reageer! (1) reaksjes trochstjoere
|
 |
|
 |
|
Tip de redaksje
Stjoer ús dyn links, nijs, geruchten, foto’s, filmkes,
muzyk en alle oare spam!
|
|
Bestel fergees de Praat Mar Frysk buttons, de posters, de lippen fan Doutzen, de boomerang kaarten en noch folle mear. We stjoere it fergees dyn kant út! Mar we ferwachtsje wol datsto in foto of in filmke makkest as tsjinprestaasje. Dy sette we dan wer op de site fansels!
Us foarried is net hiel grut, dus it kin wêze dat dyn bestelling net altyd útfierd wurde kin.
Nei de Praat Mar Frysk winkel ta! >
|

Miskien fielt de peal him ek prima thús op dyn evenemint! Toaniel, snertrace, muzyk, blomskikken, bradery, alles kin en mei. We kinne neat belove, mar freegje de peal oan fia dit e-mailadres en dan nimme wy kontakt mei dy op oer it hoe, wat, wannear en wêrom.
|
|