Ja! Wy organisearje wer in Fryske Kroechkwis! Diskear op freed 1 april om 19.30 oere gean wy los yn kafee ‘De Drie Gemeenten’ yn Alde Leie! Dochst mei?

Meidwaan? Jou dy mei dyn team op fia praatmarfrysk@gmail.com en win dikke fette prizen! Der is bier, der is fris, de leukste fragen oer Fryslân, it Frysk en Alde Leie en omkriten! De presintaasje is yn hannen fan stand-up comedian Douwe Gerlof Heeringa.
De Fryske Kroechkwis wurdt mei mooglik makke troch kafee ‘De Drie Gemeenten’, Sonnema, Weidenaar en drukkerij Van der Eems. Graach oant freed 1 april! Dikke fette prizen winne en in leuke jûn belibje!