Ambassadeurs

De Praat-mar-Frysk ambassadeurs!

 

Lykas elke himsels serieus nimmende kampanje hawwe wy fan Praat mar Frysk ek ambassadeurs. En net de minsten! Us wichtichste ambassadeur is ien mei ynternasjonale alluere: topmodel Doutzen Kroes. Mar dêr bliuwt it net by, ek fuotballer Geert Arend Roorda, hurdfytser Pieter Weening en sterkste man Wout Zijlstra sette har foar de Praat mar Frysk-kampanje yn. En der komme noch mear by, mar dat hearre jim fansels.

En dan binne jim der noch fansels... Jim binne eins ús wichtichste ambassadeurs, want sûnder jim, tsja... kinne wy wol ophâlde... en dat wolle wy hielendal net!



Doutzen Kroes

Doe't Doutzen Kroes 'ja' tsjin ús sei, wiene wy sa bliid as protters! En elkenien wie jaloersk op ús. Want wa wol Doutzen no net as boechbyld?
Us eigen Fryske topmodel fertelt yn it filmke dat Omrop Fryslân fan har makke dat se, as it even kin, Frysk praat. En dat net allinnich: se mailt, skriuwt en smst ek yn it Frysk.
Wolsto, lykas Doutzen, ek fan dy moaie Praat-mar-Frysklippen? Sjoch gau yn ús winkel. Dêr kinst se fergees bestelle. En by de downloads fynst in wallpaper fan Doutzen mei har evenbyld yn Madame Tussauds mei it PraatmarFrysk-buttontsje op har jurk.



Epke en Herre Zonderland

Epke en Herre Zonderland hawwe Rinze de Kikkert turnles jûn en binne de ambassadeurs fan PraatmarFrysk yn de gemeente It Hearrenfean.

Op 4 maart 2010 sil Herre Zonderland it lesprogramma Rinze komt útfanhûs yntrodusearje en bewegingsspultsjes dwaan mei Rinze de Kikkert en de berne fan groep 1 en 2 fan de Albertine Agnesskoalle út Oranjewâld.



Equal Souls

Equal Souls binne de winners fan Liet! 2010. Sy sille yn novimber nei Bretagne foar de ynternasjonale finale. Dêr sille sy foar ús filmkes fan meitsje. En sy skriuwe in nûmer foar ús...


Foppe de Haan

Dit ferhaal giet eins oer Frits... Frits is in Fryske jonge dy't eins wol wat mear fan de wrâld sjen wol, mar hy is benaud dat er ûnwennich wurde sil as er syn pompeblêden net mear sjocht. En dêrom reizget er it leafst mei Friezen mei. Fansels wist Frits dat Foppe nei China soe. In moaie lange reis en in fantastyske reisgenoat... Frits seach it al hielendal sitten en Foppe ek! Hartstikkene moai dochs?
Foppe is no wer thús, mar Frits is noch hieltyd ûnderweis. Dy hat noch lang syn nocht net!



Geert Arend Roorda

As Frysktalige fuotballer yn de seleksje fan SC Heerenveen kin Geert Arend Roorda fansels net ûntbrekke as ambassadeur. Hy hat dan ek de ôftraap fan de kampanje yn Tytsjerksteradiel fersoarge.


Gerbrich van Dekken

Sjongeres Gerbrich van Dekken is ien fan ús nijste ambassadeurs. Tegearre mei Gerbrich hawwe wy al in pear prachtige Praat mar Frysk-aksjes holden! Wy binne gek mei har en Gerbrich mei ús!



Groove Department

Dizze simmer sil de band Groove Department on tour troch Frankryk lâns alle Fryske campings. Fansels sille se optrede, jamme en Frankryk ûnfeilich meitsje. Mar sy sille foar ús ek op paad om te sjen hoe Frysk sa'n Fryske camping no eins is.

Dat wolsto op 'e hichte bliuwe fan de aventoeren fan Groove Department yn Frankryk? Bist benijd hoe't sy harren dêr rêde sille mei de Friezen op 'e camping? Folgje se fia Praat mar Frysk want wy hâlde jim fansels fan alles op 'e hichte!



Jitiizer

Praat mar Frysk is gek op muzyk en Jitiizer is gek op Praat mar Frysk! Gjin wûnder dat wy harren frege hawwe om ambassadeur te wurden. De hearen fan Jitiizer hawwe spesjaal foar Praat mar Frysk in tonger-core nûmer skreaun. It nûmer 'Praat mar Frysk'! No al in hit!

De manlju fan Jitiizer binne fanwege harren woartels yn de gemeente Skarsterlân ús ambassadeurs yn dy gemeente. Marreh.. Jitiizer tongeret fier oer de grinzen hinne en dat fine wy ek bêst genôch.  



Pieter Weening

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema is ek ien fan ús ambassadeurs. Hy is it boechbyld fan de kampanje foar de gemeente Achtkarspelen.
Hy hat spesjaal foar ús wat ynsprutsen yn de Praatpeal. En wy binne fansels ek oanwêzich by de Pieter Weening-classic yn Bûtenpost op 2 augustus.



Piter Wilkens

Piter Wilkens is sawat syn hiele libben al ambassadeur foar de Fryske taal. Hy koe dan fansels as ambassadeur foar PraatmarFrysk ek net misse. Hy ropt de ynwenners en bedriuwen fan de gemeenten Ljouwerteradiel, Ferwerderadiel en Menameradiel op om it PraatmarFrysk-materiaal te brûken en dêr in foto fan yn te stjoeren. De moaiste ynstjoeringen meitsje kâns op in privee-konsert fan Piter Wilkens.


Syb van der Ploeg

Syb van der Ploeg is fansels bekend wurden as sjonger fan De Kast. Mar hy timmeret no oan de wei as solo-artyst. En dat net allinnich. Hy organisearret in hiel soad op it gebiet fan muzyk yn Fryslân. Tink allinnich mar oan de Fryske Music Night, dy't op 28 novimber wer hâlden wurde sil yn it FEC. En wy fan Praat mar Frysk meie dêr ek by wêze!
Fierder sil Syb as ambassadeur fan Praat mar Frysk yn aksje komme yn Dantumadiel en oeral wêr't dat fierder ek mar mooglik is.
Wy binne der bliid mei!



Van Wieren

De band Van Wieren wie gelyk al entûsjast oer de Praat mar Frysk-kampanje en se woene graach wat foar ús dwaan. Dêrom hawwe se 'Dûnsje' skreaun. Us kampanjeliet 'Dûnsje' waard presintearre op it Centraal Stasjon fan Ljouwert. Dêr joegen de mannen in miny-konsert mei in gastoptreden fan de kultuerwethâlder fan Ljouwert: Yvonne Bleize. Sy song tegearre mei Robbie van Wieren it nûmer Ien. In Fryske oersetting fan 'One' fan U2.
En dat befoel sa goed dat Yvonne Bleize noch wolris faker meisongen hat by konserten fan Van Wieren.
Beide nûmers, Dûnsje en Ien kinst fan ús site downloade. En der binne fansels ek wer filmkes fan makke. Dy kinst hjir ek besjen!



Wout Zijlstra

Sterke man Wout Zijlstra set him graach yn foar de kampanje. Hy hat ús holpen mei it útdielen fan de opblaasbere lippen yn de binnenstêd fan Ljouwert. En gjin mins doart fansels nee te sizzen tsjin dizze Fryske freonlike reus.
It folgjende wat op it programma stiet? Miskien wol in wedstrydsje Praatpeal smite...



Wy fan Praat mar
Frysk meitsje in
soad mei. Lês hjir wat wy allegear betinke en belibje mei Doutzen, Pieter, Wout en mei jimme...


Johan Kingma op besite by Sonnema
it Serious Request-pakket!
Johan Kingma wie ien fan 'e heechste bieders tidens de Serious Request-aksje fan Praat mar Frysk. Johan is gek op berenburch dat hy die it heechste bod op it super de lúkse pakket fan Sonnema.
02 feb 2012 | Reageer! | (2) reaksjes | Trochstjoere Deel dit artikel op Facebook Deel dit artikel op Hyves Deel dit artikel op Twitter
Frijerij
It Wurd fan de Moanne
It koe fansels net oars mei Falentynsdei foar de doar. It wurd fan de moanne is... Frijerij. Besjoch it filmke!
27 jan 2012 | Reageer! | (0) reaksjes | Trochstjoere Deel dit artikel op Facebook Deel dit artikel op Hyves Deel dit artikel op Twitter
Hé! DVD fan Piter Wilkens winne?
lit ús witte wêrom!
Wy hawwe hjir twa prachtige eksimplaren fan de live-DVD de Fleanende Hollanner fan ús ambassadeur Piter Wilkens op it buro lizzen.Wolsto ek ien? Doch mei oan de aksje!
25 jan 2012 | Reageer! | (4) reaksjes | Trochstjoere Deel dit artikel op Facebook Deel dit artikel op Hyves Deel dit artikel op Twitter
Praat mar Frysk los yn Súdwest Fryslân
opblaaslippe-útdielaksje!
Om't wy yn febrewaris los gean mei de Praat mar Frysk-kampanje yn de nije gemeente Súdwest Fryslân, sille wy op tongersdei 23 febrewaris de binnenstêd fan Snits ûnfeilich meitsje mei in grutte opblaaslippe-útdielaksje!
25 jan 2012 | Reageer! | (0) reaksjes | Trochstjoere Deel dit artikel op Facebook Deel dit artikel op Hyves Deel dit artikel op Twitter
  ««  « Vorige  1  2  3  4  5  Volgende »  »»  
Tip de redaksje
Stjoer ús dyn links, nijs, geruchten, foto’s, filmkes,
muzyk en alle oare spam!

Bestel fergees de Praat Mar Frysk buttons, de posters, de lippen fan Doutzen, de boomerang kaarten en noch folle mear. We stjoere it fergees dyn kant út! Mar we ferwachtsje wol datsto in foto of in filmke makkest as tsjinprestaasje. Dy sette we dan wer op de site fansels!

Us foarried is net hiel grut, dus it kin wêze dat dyn bestelling net altyd útfierd wurde kin.


Nei de Praat Mar Frysk winkel ta! >

Home |  Hoe doch ik mei? |  PMF Shop |  Bedriuw en Frysk |  Foto's |  Fideos |  Blog |  Downloads |  Ambassadeurs
PmF Twitter |  PmF Hyves |  PmF Facebook |  PmF op YouTube