Praat mar Frysk Ambassadeurs

Lykas elke himsels serieus nimmende kampanje hawwe wy fan
Praat mar Frysk ek ambassadeurs.

Do bist eins ús wichtichste ambassadeur, want sûnder dy, tsja… kinne wy wol ophâlde… en dat wolle wy hielendal net! Neist dy ha wy noch in pear; topmodel Doutzen Kroes fansels. Mar dêr bliuwt it net by, Ek hurdfytser Pieter Weening,

turners Epke en Herre Zonderland, sterkste man Wout Zijlstra, Fryske troedeboer Piter Wilkens, Syb van der Ploeg, ús freonen fan Jitiizer en Iris Kroes sette har elk op har eigen wize foar de Praat mar Frysk-kampanje yn.

  • Doutzen Kroes
    anemptytextlline

    Doe’t Doutzen Kroes ‘ja’ tsjin ús sei, wiene wy sa bliid as protters! En elkenien wie jaloersk op ús. Want wa wol Doutzen no net as boechbyld? Us eigen Fryske topmodel fertelt yn it filmke dat Omrop Fryslân fan har makke dat se, as it even kin, Frysk praat. En dat net allinnich: se mailt, skriuwt en smst ek yn it Frysk. En se praat fansels ek Frysk mei har bern! Sjoch hjir mar! Wolsto, lykas Doutzen, ek fan dy moaie Praat-mar-Frysklippen? Sjoch gau yn ús winkel. Dêr kinst se fergees bestelle.

  • Jorrit ’Sochi’ Bergsma
    anemptytextlline

    Alwer in Olympysk kampioen yn ús ambassadeursteam, want neist Epke is ek Jorrit Bergsma ambassadeur fan Praat mar Frysk. Hurdrider op ‘e lange baan en wat foar ien!
    “Ik praat myn hiele libben al Frysk en fiel my ek in grutske Fries. Ik bin grutsk  op ‘e taal en it lân. Ik mei ek graach nei Fryske muzyk harkje. Dat jout my yn it bûtenlân in gefoel fan thúswêzen en dat bliuwt dochs altyd yn je hert”. Besjoch hjir ús filmke mei him.

  • Iris Kroes
    anemptytextlline

    De winneres fan The Voice of Holland is sûnt 2012 ús ambassadrise. Se skriuwt en sjongt yn it Frysk en jout har stipe oan in hiel soad Fryske inisjativen, lykas de Fryske Google Translate Wike, it Grut Frysk diktee en de Fryske Twitterdei.
    “Ik bin der grutsk  op om Frysk te wêzen en ik draach dat ek hiel graach út.” Besjoch hjir it filmke fan de opblaaslippe-útdielaksje mei Iris Kroes yn Drachten.

  • Foppe de Haan
    anemptytextlline

    Foppe, in nuchtere Fries mei in grut sporthert, is sûnt 2010 ambassadeur fan Praat mar Frysk.
    “Ik praat thús altyd Frysk en as it efkes kin ek op it wurk. Dat skept in bân. Frysk is de taal fan it hert. Yn it Frysk uterje ik my natuerliker en lit ik mear fan mysels sjen. Troch de eigen taal en folksaard is Fryslân unyk. Dêr moatte wy ús mei-inoar bewust fan bliuwe en kreatyf mei omgean. Feroarje en tagelyk dysels bliuwe. Nei de takomst sjen, mar ûndertusken witte wêrst weikomst.”

    Besjoch hjir de doku ‘Dat is andere taal! mei Foppe de Haan.

    (Sitaat út Foppe. Portret fan in bysûnder gewoan minske.)

  • Epke en Herre Zonderland
    anemptytextlline

    Epke en Herre Zonderland binne sûnt 2010 de ambassadeurs fan PraatmarFrysk. Wy binne fansels ferskriklik grutsk op ús Gouden Epke! Filmke! En noch ien fan Epke foar de Praatpeal.

  • Piter Wilkens
    anemptytextlline

    Piter Wilkens is sawat syn hiele libben al ambassadeur foar de Fryske taal. Hy koe dan fansels as ambassadeur foar Praat mar Frysk ek net misse.

  • Jitiizer
    anemptytextlline

    Praat mar Frysk is gek op muzyk en Jitiizer is gek op Praat mar Frysk! Gjin wûnder dat wy harren frege hawwe om ambassadeur te wurden. De hearen fan Jitiizer hawwe spesjaal foar Praat mar Frysk in tonger-core nûmer skreaun. It nûmer ‘Praat mar Frysk’! En se hawwe mei ús de Midstrjitte op ‘e Jouwer ûnfeilich makke.

    Tegearre mei de mannen hawwe wy de klip ‘Skop ALS de wrâld út’ makke. In bysûnder nûmer foar in bysûnder goed doel. Besjoch de klip hjir.

    De manlju fan Jitiizer binne fanwege harren woartels yn de gemeente Súdwest Fryslân ús ambassadeurs yn dy gemeente. Marreh… Jitiizer tongeret fier oer de grinzen hinne en dat fine wy ek bêst genôch.

  • Wout Zijlstra
    anemptytextlline

    Sterke man Wout Zijlstra set him graach yn foar de kampanje. Hy hat ús holpen mei it útdielen fan de opblaasbere lippen yn de binnenstêd fan Ljouwert. En hat mei dy oare sterke man Jan Wagenaar meiholpen mei ús Serious Request-aksje fan 2011. Gjin mins doart fansels nee te sizzen tsjin dizze Fryske freonlike reus. It folgjende wat op it programma stiet? Miskien wol in wedstrydsje Praatpeal smite…

  • Van Wieren
    anemptytextlline

    De band Van Wieren wie gelyk al entûsjast oer de Praat mar Frysk-kampanje en se woene graach wat foar ús dwaan. Dêrom hawwe se ‘Dûnsje‘ skreaun. Us kampanjeliet ‘Dûnsje’ waard yn febrewaris 2008 presintearre op it Centraal Stasjon fan Ljouwert. Dêr joegen de mannen in miny-konsert mei in gastoptreden fan de kultuerwethâlder fan Ljouwert: Yvonne Bleize. Sy song tegearre mei Robbie van Wieren it nûmer Ien. In Fryske oersetting fan ‘One’ fan U2. Besjoch de klip hjir.