Bedriuw en Frysk

Praat de taal fan jo klant

 
Underwilens binne der ûntelbere Praat mar Frysk pakketten de doar út gien. Mar wat soe der no eins mei al dy pakketten dien wurde? En wat binne de reaksjes op bygelyks de opblaaslippen?

Wy woenen it wol ris witte en stapten nei in oantal bedriuwen ta dy't 'Praat mar Frysk Pakketsje foar bedriuwen' oanfrege ha.

Besjoch hjir de filmkes:

Snakeware
Snits, 23 jun 2010
It ynternetbedriuw Snakeware hat festigings oer de hele weareld en ien dêr fan sit yn Snits. Hoewol't mear as de helte fan 'e meiwurkers yn Snits net Frysktalich is, fine se dochs dat se it Frysk seker net ferjitte moatte. Dêrom yntrodusearren se in saneamde 'Fryske Freed'.
Nei it filmke >
Plysjekorps
Oosterwolde, 08 apr 2010
Offisjeel moatte alle wurknimmers fan Fryske oerheidsynstânsjes it Frysk yn alle gefallen passyf behearskje. Dat hâldt yn dat ek plysjeminsken it Frysk minimaal ferstean kinne moatte. Want soks wurket yn it foardiel fan de plysjeman/-frou en it is boppe alles foaral ek klantfreonlik.
Nei it filmke >
Ronald McDonald Hoeve
De Sweach, 24 feb 2010
Wy fan Praat mar Frysk wienen benijd hokker rol it Frysk binnen de Ronald McDonald Hoeve spilet en gienen op ûndersyk mei Renate.
Nei it filmke >


Frysk Uitburo
Ljouwert, 04 feb 2010
Jim hienen it grif al fia ús Hyves lêzen, mar jim kinne no ek yn it Frysk lêze wêr't jim op stap moatte. Neffens it Uitburo is it net mear as logysk om de klant yn syn of har eigen taal harren service te bieden.
Nei it filmke >
McDonalds
Snits, 20 jan 2010
Mei in spesjale aksje waard yn Snits de ôftraap fan de Winterwiken by McDonald's jûn. De earste 50 klanten dy't redens by har hiene, krigen fergees in Snitsburgermenu.
Nei it filmke >
Electro World Talsma
Dokkum, 06 nov 2009
Al mear as 40 jier sit Electro World Talsma yn Dokkum. Neffens bedriuwslieder en mei-eigner Thomas Loonstra is twatalich personiel foar syn bedriuw ekstra belangryk om 't sy in echte Fryske regio betsjinje. Thomas Loonstra oer it belang fan it Frysk binnen syn bedriuw.
Nei it filmke >


Rudolf de Jong Ynterieurbetimmeringen
Aldhoarne, 29 okt 2009
Rudolf de Jong is ynterieurûntwerper en docht in soad saken bûten Fryslân. Fansels kinst dan yn 'e measte gefallen net yn it Frysk kommunisearje. Mar Rudolf merkt wol dat Friezen yn 'e rest fan it lân tige wurdjearre wurde. Hy sjocht it sels as in foardiel.
Nei it filmke >
Praat mar Frysk nei de dokter
De Legeaën, 28 okt 2009
Wy fan Praat mar Frysk binne sa fit as wat, mar dochs gienen wy even op sprekoere. Want hoe sit dat mei it Frysk fan dokter Jan Jansen? In plattelânsdokter soe dochs wol in bytsje Frysk prate kinne moatte dochs?
Nei it filmke >
Presintaasje Talestikker by Gosse Wijnsma
Dokkum, 15 okt 2009
Op de byienkomst Hannel & Yndustry waard by Wijnsma Keunststofkezinen yn Dokkum, de earste Praat mar Frysk-Talestikker oanbean oan boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel.
Nei it filmke >


Winkeliersaksje yn de Midstrjitte op 'e Jouwer
De Jouwer, 18 sept 2009
Praat mar Frysk tôge tegearre mei Jitiizer nei De Jouwer om de Midstrjitte om te doopjen ta de earste Praat mar Frysk-strjitte fan Skarsterlân!
Nei it filmke >
Machiels Advocaten, in twatalich bedriuw
Drachten, Snits, Bûtenpost, 10 sept 2009
Machiels Advocaten, mei fêstigings yn Drachten, Snits en Bûtenpost, is folslein twatalich. Neist it Nederlânsk is it Frysk like wolkom.
Nei it filmke >
Keapje dyn auto yn it Frysk by Jelle Talsma
Ljouwert, Warten e.o., 10 sept 2009
Mei trije fêstigings is autobedriuw Jelle Talsma ien fan 'e gruttere autobedriuwen yn Fryslân. Dikke kâns dus datsto dêr ek in auto kocht hast. Praat mar Frysk op besite yn Ljouwert by autobedriuw Jelle Talsma.
Nei it filmke >


De Bruin & Cho Coiffures
De Lemmer, 08 sept 2009
Wy fan Praat mar Frysk moatte ek wol ris nei de kapper. Dat wy stapten de auto yn nei de Lemmer en moeten dêr Kees de Bruin. In echte Fryske topkapper! Mar wat fynt sa'n coiffure-man no eins fan it Frysk en hoe brûkt hy it yn syn saak? Besjoch it filmke!
Nei it filmke >
Praat mar Frysk yn de Bruna
Frjentsjer, 19 aug 2009
Tessa Blaauw hat tegearre mei har man in boekesaak oan 'e Dykstrjitte yn Frentsjer dy't sûnt twa jier oansluten is by de lanlike Bruna-keten. En ek dêr hingje de opblaaslippen fan Praat mar Frysk!
Nei it filmke >
Big Bad Wolf Records praat ek Frysk!
Ljouwert, 30 jul 2009
Op it Fliet yn Ljouwert sit in bysûnder saakje, Big Bad Wolf Records. In wat apart saakje sa't eigner Tamme Oosterhof it sels neamd. Fan de donkerste black metal oant de blauste blues.
Nei it filmke >


McDonalds Goutum Praat mar Frysk!
Goutum, 23 jun 2009
Krije wy nei de BigMac en de McKroket no aanst ek de MacSûkerbôle? Hendrik en Hieke binne de ûndernimmers efter McDonald's Goutum en McDonald's Ljouwert en hawwe in dúdlik Frysk belied.
Nei it filmke >
De Treinenpassage Praat mar Frysk
Ljouwert, 17 jun 2009
Amsterdammer René van El praat sels gjin Frysk, mar it grutste part fan syn klanten wol. Derom hingje ek by René de opblaaslippen tusken de treintsjes en modelauto's.
Nei it filmke >
Annys Bodyline Praat mar Frysk
Ljouwert, 16 jun 2009
De Praat mar Frysk lippen hingje by Jellie tusken de linzjery. Jellie Fopma fan Anny's Bodyline bringt linzjery en badklean meastal yn't Frysk oan de man.
Nei it filmke >


Buro Klei Praat mar Frysk
Ljouwert, 03 jun 2009
Jan Veninga fan Buro Klei stiet net op de list fan minsken dy't in Praat mar Frysk pakket besteld ha, mar hoe komme sy dan oan dy lippen?
Nei it filmke >


 
Nei de toskedokter!
mei Praat mar Frysk
TOSK Toskedokters is in toskedokterspraktyk yn Drachten. Sy binne spesjalisearre yn it behanneljen fan minsken dy't benaud foar de toskedokter binne. En wat is der dan nofliker om yn dyn eigen taal oansprutsen te wurden...
13 jan 2010 11:39 Reageer! (0) reaksjes trochstjoere
Earste iPod winner is bekend
offisjele útrikking
Ferline wike gie de earste iPod de doar út. Fan alle oanmeldings wie Anne van der Vaart de terjochte winner fan de iPod-aksje. Mei in ferburgen kamera brochten wy har yn it djipste geheim in besite op har staazjeadres. Hongen de opblaaslippen? Soe se ús yn it Frysk te wurd stean?
11 jan 2010 9:49 Reageer! (5) reaksjes trochstjoere
Electro World Talsma
Bedriuw & Frysk
Al mear as 40 jier sit Electro World Talsma yn Dokkum. Neffens bedriuwslieder en mei-eigner Thomas Loonstra is twatalich personiel foar syn bedriuw ekstra belangryk om 't sy in echte Fryske regio betsjinje. Thomas Loonstra oer it belang fan it Frysk binnen syn bedriuw.
06 nov 2009 9:28 Reageer! (0) reaksjes trochstjoere
Rudolf de Jong Ynterieurbetimmeringen
PmF op besite yn Aldhoarne
Rudolf de Jong is ynterieurûntwerper en docht in soad saken bûten Fryslân. Fansels kinst dan yn 'e measte gefallen net yn it Frysk kommunisearje. Mar Rudolf merkt wol dat Friezen yn 'e rest fan it lân tige wurdearre wurde. Hy sjocht it sels as in foardiel. Besjoch it filmke!
29 okt 2009 8:36 Reageer! (0) reaksjes trochstjoere
Praat mar Frysk nei de dokter
Frysk yn 'e soarch
De Meksikaanske gryp komt der oan. Yn it hiele lân steane lange rigen foar de doktersbali om in prik. Wy fan Praat mar Frysk binne sa sûn as wat, mar as wy in prikje helje wolle, kin dat dan ek yn't Frysk?
28 okt 2009 8:38 Reageer! (0) reaksjes trochstjoere
Nije webwinkel PraatmarFrysk
Leuke kadootsjes en fansels ús fergese PraatmarFrysk materiaal!
Fanôf hjoed is ús nije webwinkel online. Kinst dêr fansels dyn fergese PraatmarFrysk-guod bestelle, mar ek aardige Fryske kadootsjes, lykas slabkes, ballonnen, flachjes, taalboekjes en Tomke-guod. Sjoch mar oft der wat fan dyn gading by sit.
22 okt 2009 13:47 Reageer! (1) reaksjes trochstjoere
  ««  « Vorige  1  2  3  4  5  Volgende »  »»  

Home |  Hoe doch ik mei? |  PMF Shop |  Bedriuw en Frysk |  Foto's |  Fideos |  Blog |  Downloads |  Ambassadeurs
Nim kontakt op mei it Praat Mar Frysk team