Praat mar Frysk yn aksje mei Jitiizer

de Midstrjitte op 'e Jouwer kleuret read!

 

De Praat mar Frysk-kampanje is los yn Skarsterlân! Dêrom tôgen wy tegearre mei Jitiizer nei De Jouwer om de Midstrjitte om te doopjen ta de earste Praat mar Frysk-strjitte fan Skarsterlân!

Binnen no-time hongen mear as hûndert lippen te pronkjen yn etalaazjes, boppe de kassa,  yn 'e kroech of foar it rút! De hiele Midstrjitte kleure read fan 'e opblaaslippen! En se binne der gek op, want se hingje der noch! Dat ek op 'e Jouwer: Praat mar Frysk!

 

Deel dit artikel op: Deel dit artikel op Facebook Deel dit artikel op Hyves Deel dit artikel op Twitter

Dit artikel trochstjoere

 
Dyn gegevens:
Dyn namme
Dyn e-mailadres
 
Trochstjoere nei:
Namme
E-mailadres
 
Wy fan Praat mar
Frysk meitsje in
soad mei. Lês hjir wat wy allegear betinke en belibje mei Doutzen, Pieter, Wout en mei jimme...


Frysk skriuwen, praten, lêzen of ferstean leare?
doch in kursus by de Afûk!
Wolst ek wolris in smske yn it Frysk weromstjoere, in mailtsje de doar út dwaan yn it Frysk? Of miskien hast in prachtich Frysk boek op dyn jierdei krigen en kinst it net lêze? Dan is in kursus Frysk by de Afûk krekt wat foar dy!
23 mei 2012 | Reageer! | Trochstjoere Deel dit artikel op Facebook Deel dit artikel op Hyves Deel dit artikel op Twitter
It Grut Frysk Diktee 2012
wy wienen der by...
Net ien minder as Rients Gratama skreau dit jier it Grut Frysk Diktee. Yn in ôfladen Steateseal fan it Provinsjhûs yn Ljouwert waard der drok switten op ien fan 'e langste diktees yn 'e skiednis fan it Grut Frysk Diktee. En wy wienen der by...
10 mei 2012 | Reageer! | Trochstjoere Deel dit artikel op Facebook Deel dit artikel op Hyves Deel dit artikel op Twitter
Frijkaarten winne foar Jitiizer?
wês der by!
Jitiizer spilet al mear as in jier net mear! Mar der komt in reuny! De mannen pakke noch ien kear de ynstruminten byelkoar en sille tegearre mei Noarderein en Stainless op 19 maaie in grut feest bouwe yn de lûdsskuorre fan Easterein! En wy jouwe frijkaarten fuort!
07 mei 2012 | Reageer! | Trochstjoere Deel dit artikel op Facebook Deel dit artikel op Hyves Deel dit artikel op Twitter
Plak mar Frysk!
krekt wat no?
Hasto dy dikke fette Praat mar Frysk-stikker al yn 'e hûs? Leuk foar op 'e auto, kerreven, fyts, doar, aginda, kast, wc en neam mar op! Geskikt foar bûten en binnen en lit net los! Gau keapje dus! Plak 'm op en lit sjen datst Frysk ferstiest!
24 apr 2012 | Reageer! | Trochstjoere Deel dit artikel op Facebook Deel dit artikel op Hyves Deel dit artikel op Twitter
  ««  « Vorige  20  21  22  23  24  Volgende »  »»  
Tip de redaksje
Stjoer ús dyn links, nijs, geruchten, foto’s, filmkes,
muzyk en alle oare spam!

Bestel fergees de Praat Mar Frysk buttons, de posters, de lippen fan Doutzen, de boomerang kaarten en noch folle mear. We stjoere it fergees dyn kant út! Mar we ferwachtsje wol datsto in foto of in filmke makkest as tsjinprestaasje. Dy sette we dan wer op de site fansels!

Us foarried is net hiel grut, dus it kin wêze dat dyn bestelling net altyd útfierd wurde kin.


Nei de Praat Mar Frysk winkel ta! >

Home |  Hoe doch ik mei? |  PMF Shop |  Bedriuw en Frysk |  Foto's |  Fideos |  Blog |  Downloads |  Ambassadeurs
PmF Twitter |  PmF Hyves |  PmF Facebook |  PmF op YouTube