Rinze en Herre jouwe gymnastykles
|
en Rinze sil útfanhûs!
|
| |
|
Rinze de Kikkert hat op 4 maart tegearre mei ús nije Praat mar Frysk-ambassadeur turner Herre Zonderland in spesjale gymnastykles jûn oan groep 1 en 2 fan de Albertina Agnesskoalle út Oranjewâld. Rinze wie ferskriklik benijd nei de bern, want hy makket graach nije freontsjes en freondintsjes. Hy hat op de gimmestykles al safolle freontsjes en freondintsjes makke dat Rinze dizze wike de hiele wike útfanhús is op de Albertina Agnesskoalle. Sjoch mar gau nei it filmke fan de gymmestykles. Mear ynformaasje oer Rinze de Praat mar Frysk kikkert en it lespakket mei nifelmateriaal, in foarlêsboek, in deiboek en noch folle mear, kinne jim weromfine op de spesjale Rinze-side op Praat mar Frysk. Klik hjir. |
| |
|
|
|
Wy fan Praat mar Frysk meitsje in soad mei. Lês hjir wat wy allegear betinke en belibje mei Doutzen, Pieter, Wout en mei jimme...
Op de foto mei dyn favorite Frysk wurd?
|
kom nei de UIT-markt yn Ljouwert!
Wolsto op ‘e foto mei dyn favorite Fryske wurd? Dat kin op sneon 18 septimber fan 13.00 oant 18.00 oere yn Ljouwert tidens de UIT-markt yn ‘e Prinsetún. Mei de UIT-markt giet it nije kulturele seisoen wer fan start en presintearje 16 Ljouwerter kulturele ynstellings har. Sa binne der foarstellings, rûnliedings en fansels, ús Praatpeal is der ek der by!
|
 |
26 aug 2010 12:50
Reageer! (0) reaksjes trochstjoere
|
 |
De nije Heit & Mem is út!
|
hasto him al?
It nije Heit & Mem tydskrift is der en is fan freed 6 septimber oeral yn Fryslân fergees te krijen. Klik hjir foar de list mei ôfhel-adressen. Wennest net yn Fryslân? Gjin need, nim in abonnemint!
|
 |
26 aug 2010 11:50
Reageer! (0) reaksjes trochstjoere
|
 |
Rinze by jim útfanhûs?
|
freegje it hjir oan!
Wolle jim Rinze de Kikkert ek in pear dagen as útfanhuzer hawwe op jim skoalle? Dat kin! Stjoer dan in mailtsje nei: praatmarfrysk@gmail.com en wy nimme kontakt mei jim op!
|
 |
26 aug 2010 11:42
Reageer! (0) reaksjes trochstjoere
|
 |
Rinze út fan hús
|
op de IBS de Westereen
Rinze de Kikkert is gek op úfanhúzjen. Hy reizget it leafst alle basisskoallen fan Fryslân ôf om safolle mooglk freontsjes en freondintsjes te meitsjen. Ofrûne kear wied er út fan hûs op de IBS de Westereen. En hy fûn it prachtich, wat in leave berntsjes en wat hawwe se in soad dien! Hy hie sels syn egein bêd!
|
 |
12 aug 2010 14:11
Reageer! (0) reaksjes trochstjoere
|
 |
|
 |
|
Tip de redaksje
Stjoer ús dyn links, nijs, geruchten, foto’s, filmkes,
muzyk en alle oare spam!
|
|
Bestel fergees de Praat Mar Frysk buttons, de posters, de lippen fan Doutzen, de boomerang kaarten en noch folle mear. We stjoere it fergees dyn kant út! Mar we ferwachtsje wol datsto in foto of in filmke makkest as tsjinprestaasje. Dy sette we dan wer op de site fansels!
Us foarried is net hiel grut, dus it kin wêze dat dyn bestelling net altyd útfierd wurde kin.
Nei de Praat Mar Frysk winkel ta! >
|

Miskien fielt de peal him ek prima thús op dyn evenemint! Toaniel, snertrace, muzyk, blomskikken, bradery, alles kin en mei. We kinne neat belove, mar freegje de peal oan fia dit e-mailadres en dan nimme wy kontakt mei dy op oer it hoe, wat, wannear en wêrom.
|
|