Nije Praatpeal-filmkes
|
Huis&Tuin en It Brûst
|
| |
|
De Praatpeal reest de hele provinsje troch en stie de ôfrûne wike op de Huis & Tuin-beurs yn Ljouwert en op it teaterfestival It Brûst yn Boalsert. Hast ek wat leuks ynsprutsen? Besjoch dan gau de filmkes en wa wit trefst dysels of kunde! |
| |
|
|
|
Wy fan Praat mar Frysk meitsje in soad mei. Lês hjir wat wy allegear betinke en belibje mei Doutzen, Pieter, Wout en mei jimme...
Sobberakje Praat mar Frysk
|
Winner sobberfotowedstriid bekend!
Ien kear yn de trije moanne makkest op Praat mar Frysk en Heit & Mem kâns op in fergees Praat mar Frysk-kreampakket. Meitsje in foto fan jim berntsje mei de Praat mar Frysk-sobber en stjoer him op nei ynfo@heitenmem.nl. Jim foto komt dan op de nije webside fan Heit & Mem en miskyn ek wol yn it folgjende Heit & Mem tydskrift.
|
 |
30 jun 2010 13:19
Reageer! (1) reaksjes trochstjoere
|
 |
Taalspultsje Achtkarspelen online!
|
Aukje Jansma wint Frysk diktee Achtkarspelen
Aukje Jansma út groep 8 fan de iepenbiere basisskoalle It Holdersnêst út De Harkema is de winner fan it Taalspultsje Achtkarspelen mei in topskoare fan 90%. De hiele top 5 fan it taalspultsje bestie út learlingen fan ’t Holdersnêst. Dizze skoalle hat dizze wike ek it sertifikaat krigen foar ‘Trijetalige skoalle’.
|
 |
28 jun 2010 12:37
Reageer! (0) reaksjes trochstjoere
|
 |
Hoe gastfrij fynsto Fryslân?
|
Lit it ús witte op www.gastfrijfrysk.nl
Silst earne in hapke ite, oernachtest yn in hotel, drinkst earne in bakje kofje of pakst in pilske op it terras? Lit ús witte watst der fan fûnst. Jou dyn sifer op www.gastfrijfrysk.nl!
|
 |
28 jun 2010 12:00
Reageer! (0) reaksjes trochstjoere
|
 |
Snakeware yntrodusearret Fryske Freed
|
Praat mar Frysk by de baas
Ynternetbedriuw Snakeware hat festigings oer de hele wrâld en ien dêr fan sit yn Snits. Hoewol't mear as de helte fan 'e meiwurkers yn Snits net Frysktalich is, fine se dochs dat se it Frysk net ferjitte moatte. Dêrom yntrodusearren se in saneamde 'Fryske Freed'.
|
 |
23 jun 2010 10:42
Reageer! (0) reaksjes trochstjoere
|
 |
|
 |
|
Tip de redaksje
Stjoer ús dyn links, nijs, geruchten, foto’s, filmkes,
muzyk en alle oare spam!
|
|
Bestel fergees de Praat Mar Frysk buttons, de posters, de lippen fan Doutzen, de boomerang kaarten en noch folle mear. We stjoere it fergees dyn kant út! Mar we ferwachtsje wol datsto in foto of in filmke makkest as tsjinprestaasje. Dy sette we dan wer op de site fansels!
Us foarried is net hiel grut, dus it kin wêze dat dyn bestelling net altyd útfierd wurde kin.
Nei de Praat Mar Frysk winkel ta! >
|

Miskien fielt de peal him ek prima thús op dyn evenemint! Toaniel, snertrace, muzyk, blomskikken, bradery, alles kin en mei. We kinne neat belove, mar freegje de peal oan fia dit e-mailadres en dan nimme wy kontakt mei dy op oer it hoe, wat, wannear en wêrom.
|
|