Dé skoalle fan Súdwest

stem op dyn favorite skoalle

 

Yn neifolging fan de populêre talintejacht ‘The Voice of Holland’ binne wy fan Praat-mar-Frysk yn gearwurking mei fiif studinten fan Pabû Stenden Hegeskoalle Ljouwert op syk nei ‘Dé skoalle fan Súdwest’.

De dielnimmende groepen hawwe dêrfoar elk deselde melody krigen en har eigen tekst op it nûmer skreaun. Dêrnei binne der trije skoallen nominearre dy’t tegearre mei in bekende artyst in klip opnaam hawwe.

Nominearre binne:
groep 6 fan de East-Kime út Easthim mei Easthimmer Simmer;
groep 6 fan It Wrâldfinster út Heech mei Bisten yn it libben;
groep 7/8 fan de St. Gregoriusskoalle út Blauhús mei Tiid tekoart.

Fan freed 20 maaie oant freed 27 maaie kin der stimt wurde op de nûmers en dan witte wy 30 maaie wa’t ‘Dé Skoalle fan Súdwest’ is.

Dat allegear yn it ramt fan de start fan de Praat-mar-Frysk kampanje yn de nije gemeente Súdwest Fryslân.

 
 
Filmke 1:
De East-Kime út Easthim en Piter Wilkens - Easthimmer Simmer
 
Filmke 2:
It Wrâldfinster út Heech en Anne Hoogendoorn - Bisten yn it libben
 
Filmke 3:
St. Gregoriusskoalle út Blauhús en Janneke Brakels - Tiid tekoart

Deel dit artikel op: Deel dit artikel op Facebook Deel dit artikel op Hyves Deel dit artikel op Twitter

Dit artikel trochstjoere

 
Dyn gegevens:
Dyn namme
Dyn e-mailadres
 
Trochstjoere nei:
Namme
E-mailadres
 
Wy fan Praat mar
Frysk meitsje in
soad mei. Lês hjir wat wy allegear betinke en belibje mei Doutzen, Pieter, Wout en mei jimme...


Boekje winne?
folje de enkête yn!
Lêsto wolris yn it Frysk? Keapesto wolris in Frysk boek? Dat wolle wy graach witte! Jelle de Jong, studint Commerciële Economie oan de NHL Hogeschool docht foar de Afûk in ûndersyk nei it lêzen yn it Frysk en hat dêrom dizze enkête opsteld.
06 mei 2013 | Reageer! | Trochstjoere Deel dit artikel op Facebook Deel dit artikel op Hyves Deel dit artikel op Twitter
Set it Frysk oan 'e dyk!
de Praat mar Frysk-kontenerstikkers
Se binne ûnderweis hear! Op dit stuit binne de trije moaiste ûntwerpen ûnderweis nei de drukkerij yn Winterswyk sadat wy begjin juny yn heel Fryslân it Frysk oan 'e dyk sette kinne! Bist benijd nei de úteinlik ûntwerpen? Se steane hjirûnder!
06 mei 2013 | Reageer! | Trochstjoere Deel dit artikel op Facebook Deel dit artikel op Hyves Deel dit artikel op Twitter
Knip mar Frysk
Praat mar Frysk yn bediruw!
Wy gienen op besite by Klaske Fennema fan Kapsalon Papillot yn Reduzum. Wat hat sy mei it Frysk? En wat smyt soks saaklik sjoen no eins op? Praat mar Frysk yn bedriuw! Tsjek it filmke!
06 mei 2013 | Reageer! | Trochstjoere Deel dit artikel op Facebook Deel dit artikel op Hyves Deel dit artikel op Twitter
Kening Rinze!
Keninklike besite yn Ferwâlde
Dizze dagen hat hast eltsenien dwaande west mei de kroaning fan ús nije kening. Itselde jildt foar Rinze! Hy wie nammentlik útfanhûs by De Finne yn Ferwâlde dêr't se in echte keninklike wike fierden.
01 mei 2013 | Reageer! | Trochstjoere Deel dit artikel op Facebook Deel dit artikel op Hyves Deel dit artikel op Twitter
  ««  « Vorige  1  2  3  4  5  Volgende »  »»  
Tip de redaksje
Stjoer ús dyn links, nijs, geruchten, foto’s, filmkes,
muzyk en alle oare spam!

Bestel fergees de Praat Mar Frysk buttons, de posters, de lippen fan Doutzen, de boomerang kaarten en noch folle mear. We stjoere it fergees dyn kant út! Mar we ferwachtsje wol datsto in foto of in filmke makkest as tsjinprestaasje. Dy sette we dan wer op de site fansels!

Us foarried is net hiel grut, dus it kin wêze dat dyn bestelling net altyd útfierd wurde kin.


Nei de Praat Mar Frysk winkel ta! >

Home |  Hoe doch ik mei? |  PMF Shop |  Bedriuw en Frysk |  Foto's |  Fideos |  Blog |  Downloads |  Ambassadeurs
PmF Twitter |  PmF Hyves |  PmF Facebook |  PmF op YouTube