Muzikale ôftraap Dantumadiel
|
Fryske artysten op basisskoallen
|
| |
|
Ofrûne freed wie de feestlike ôftraap fan de Praat mar Frysk-kampanje yn Dantumadiel. En om't der in hiel soad muzikaal talint wennet en weikomt, wie it ek in tige muzikale ôftraap. Op sawat alle basisskoallen yn Dantumadiel waard in konsert jûn troch in Dantumadielske artyst of band. Wa wiene der allegear? No Syb van der Ploeg fansels en Mink en Elske DeWall, Griet Wiersma net te ferjitten en de mannen fan New Sense Memory, de band Kramtried en rapper RG. Op de foto steane se sawat allegear útsein Mink en Elske, dy wiene al ûnderweis nei 'harren' skoalle. Sjoch ek op: http://www1.omropfryslan.nl/Mear_Nijs_52923.aspx  |
| |
|
|
Bestel fergees de Praat Mar Frysk buttons, de posters, de lippen fan Doutzen, de boomerang kaarten en noch folle mear. We stjoere it fergees dyn kant út! Mar we ferwachtsje wol datsto in foto of in filmke makkest as tsjinprestaasje. Dy sette we dan wer op de site fansels!
Us foarried is net hiel grut, dus it kin wêze dat dyn bestelling net altyd útfierd wurde kin.
Nei de Praat Mar Frysk winkel ta! >
|
|