|

Silst earne in hapke ite, oernachtest yn in hotel of op in camping, drinkst earne in bakje kofje of pakst in pilske op it terras? Lit ús witte watst der fan fûnst. Jou dy Fryske hoareka-saak in sifer op http://www.gastfrijfrysk.nl/ en meitsje kâns op in hearlik Gastfrij Frysk-arranzjemint.
Wêr kinst nei sjen? As earste is dyn eigen yndruk fansels it belangrykst. Wurdst freonlik behannele? Is it iten lekker? Binne de glêzen skjin? En leit it bêd lekker? Mar ek: is it in bysûnder plakje dêrst sitst? Kinst fernimme datst yn Fryslân bist of soe it like goed earne oars wêze kinne? Wurdt der wurke mei streekprodukten? En wat wit it personiel dêr oer te fertellen? Krijst op in aardige wize wat mei fan de Fryske talen of oare streektalen, bygelyks op de menukaart? Wit it personiel in protte oer de omkriten? Koartsein: fielst, priuwst, hearst, sjochst en belibbest Fryslân sa ast dat wolle soest? 
Hoe wurket it? - Sjoch op http://www.gastfrijfrysk.nl/ - Sjoch oft it restaurant, kafee, hotel of de camping dêrst west hast, meidocht oan de aksje. Ja? Dan kinst dêr dyn sifer en dyn beoardieling jaan. - Lit dêrnei dyn eigen gegevens efter. Dan makkest nammentlik kâns op in hearlik Gastfrij Frysk-arranzjemint! 
Docht it bedriuw datst in sifer jaan wolst (noch) net mei? Lit foar ús in tip efter op de website, dan nimme wy kontakt op mei dat bedriuw. De Gastfrij Frysk-aksje rint o/m 31 novimber 2009. In soad wille en tige tank foar it meidwaan!
|