Heit en Mem.nl is fernijd
|
doch mei oan de sobberaksje!
|
| |
|
HeitenMem.nl is in meartalige website foar (takomstige) âlders. Hy wie der al in skoftke, mar hy is no hielendal fernijd! Mei de moaiste Fryske foarnammen en bertegedichtsjes en ûnmisbere ynformaasje foar heiten en memmen, én pappa's en mamma's! Sjoch mar gau op HeitenMem.nl. Meitsje kâns op in fergees Praat Mar Frysk-kreampakket! Meitsje in foto fan jim berntsje mei de PraatmarFrysk-sobber en mail de foto én dyn gegegevens nei ynfo@heitenmem.nl. Jim foto komt dan op de fernijde website fan Heit en Mem te stean en miskien ek wol yn it Heit en Mem tydskrift.  Wy sille dan ien kear yn de trije moanne in winner útlotsje dy't in Praat Mar Frysk-kreampakket fergees tastjoerd krijt! De PraatmarFrysk-sobber is te keap yn de winkel fan de Afûk oan de Bûterhoeke 3 yn Ljouwert en de webshops fan PraatmarFrysk en de Afûk.
|
|
|
Wy fan Praat mar Frysk meitsje in soad mei. Lês hjir wat wy allegear betinke en belibje mei Doutzen, Pieter, Wout en mei jimme...
Win frijkaarten foar it Jorwerter Iepenloftspul!
|
'It Feest'
It is feest yn Jorwert mar ek mei Praat mar Frysk! Wy jouwe fergees twa frijkaarten foar it Jorwerter Iepenloftspul 'It Feest' wei! Hoe kinst meidwaan? It ienige watsto hoechst te dwaan is ús in mail stjoere mei dyn motivaasje wêrom'tsto graach nei 'It Feest' yn Jorwert wolst. Thats it!
|
 |
30 aug 2010 10:19
Reageer! (2) reaksjes trochstjoere
|
 |
Frysk leare?
|
By de Afûk learst Frysk skriuwen, praten, lêzen en ferstean!
Wolst ek wolris in smske yn it Frysk weromstjoere, in mailtsje de doar út dwaan yn it Frysk? Of miskyn hast in prachtich Frysk boek op dyn jierdei krigen en kinst it net lêze? Dan is in kursus Frysk by de Afûk krekt wat foar dy.
|
 |
29 aug 2010 11:37
Reageer! (0) reaksjes trochstjoere
|
 |
Op de foto mei dyn favorite Frysk wurd?
|
kom nei de UIT-markt yn Ljouwert!
Wolsto op ‘e foto mei dyn favorite Fryske wurd? Dat kin op sneon 18 septimber fan 13.00 oant 18.00 oere yn Ljouwert tidens de UIT-markt yn ‘e Prinsetún. Mei de UIT-markt giet it nije kulturele seisoen wer fan start en presintearje 16 Ljouwerter kulturele ynstellings har. Sa binne der foarstellings, rûnliedings en fansels, ús Praatpeal is der ek der by!
|
 |
26 aug 2010 12:50
Reageer! (0) reaksjes trochstjoere
|
 |
De nije Heit & Mem is út!
|
hasto him al?
It nije Heit & Mem tydskrift is der en is fan freed 6 septimber oeral yn Fryslân fergees te krijen. Klik hjir foar de list mei ôfhel-adressen. Wennest net yn Fryslân? Gjin need, nim in abonnemint!
|
 |
26 aug 2010 11:50
Reageer! (0) reaksjes trochstjoere
|
 |
|
 |
|
Tip de redaksje
Stjoer ús dyn links, nijs, geruchten, foto’s, filmkes,
muzyk en alle oare spam!
|
|
Bestel fergees de Praat Mar Frysk buttons, de posters, de lippen fan Doutzen, de boomerang kaarten en noch folle mear. We stjoere it fergees dyn kant út! Mar we ferwachtsje wol datsto in foto of in filmke makkest as tsjinprestaasje. Dy sette we dan wer op de site fansels!
Us foarried is net hiel grut, dus it kin wêze dat dyn bestelling net altyd útfierd wurde kin.
Nei de Praat Mar Frysk winkel ta! >
|

Miskien fielt de peal him ek prima thús op dyn evenemint! Toaniel, snertrace, muzyk, blomskikken, bradery, alles kin en mei. We kinne neat belove, mar freegje de peal oan fia dit e-mailadres en dan nimme wy kontakt mei dy op oer it hoe, wat, wannear en wêrom.
|
|