Nijjiersdûk yn Tytsjerk en Fyk-feest
|
| |
|
Sa, einlings wer eefkes in update fan de blog.. De feestdagen binne wer foarby en 2008 leit noch hielendal skjin en iepen foar ús. Ik bin benijd wat dit jier ús bringe sil. Wy hawwe in hiel soad plannen! Fansels wolle wy fierder mei de kampanje. It leafst de hiele provinsje troch, sadatst werklik oeral de opblaaslippen tsjinkomst en de praatpeal.. en ús posters en stikkers. En wy wolle mear dwaan mei muzyk en noch mear filmkes meitsje en oare leuke dingen. Dus as jim ideeën hawwe, wy hearre it graach! Noch eefkes werom yn 'e tiid… Op nijjiersdei hawwe wy mei de praatpeal by de nijjiersdûk yn Tytsjerk stien. It waar wie prachtich, mar wol kâld! Der lei in flueske iis op it wetter. Moatst dochs wol in gatsje yn 'e holle ha, om dêr yn te springen, tocht ik noch. No, lit my it sa sizze: der wenje yn Tytsjerk in soad minsken mei in gatsje yn 'e holle . Respekt hear, foar al dy minsken! Gelokkich foar ús, wie der ek waarme poeiermolke, bearenburch, muzyk en in soad gesellichheid. Spitigernôch binne de filmkes net hielendal wurden wêr’t wy hope hiene.. Troch de sinne is de boel bot oerbeljochte en it lûd doogde ek net… Spitich, spitich, spitich! Wy bale der behoarlik fan en sille no mei de peal nei de garaazje: gefaltsje ‘pealpech’ dus. Hoe dan ek, wy hiene mei de feestkommisje fan Tytsjerk al ôfpraat dat wy weromkomme soene en dat dogge wy no hielendal fansels! En gelokkich hawwe wy de foto’s noch En dan wie der noch it FYK-feest! Dêr binne de filmkes wol fan slagge . Se binne hiel leuk wurden, sjoch marris op http://www.praatmarfrysk.nl/. Dêr stiet no ek muzyk op dytst downloade kinst en in hiel soad foto's dy't ynstjoerd binne foar de fotowedstriid.
|
|
Bestel fergees de Praat Mar Frysk buttons, de posters, de lippen fan Doutzen, de boomerang kaarten en noch folle mear. We stjoere it fergees dyn kant út! Mar we ferwachtsje wol datsto in foto of in filmke makkest as tsjinprestaasje. Dy sette we dan wer op de site fansels!
Us foarried is net hiel grut, dus it kin wêze dat dyn bestelling net altyd útfierd wurde kin.
Nei de Praat Mar Frysk winkel ta! >
|
|