Lokwinske team ‘By inoar socht soadsje’! Sy winne mei mar 17 flaters de Fryske Kroechkwis yn kafee ‘t Hert op De Jouwer!

Ofrûne sneon yn it stampfol kafee ‘t Hert op De Jouwer waard ûnder lieding fan presintator Habtamu de Hoop alwer de lêste kroechkwis fan dit jier holden. Wy hawwe in prachtige jûn hân! Mei tank fansels ek oan alle minsken fan kafee ‘t Hert op De Jouwer, Weidenaar Worst, Habtamu, Sonnema, de Afûk en Drukkerij Van der Eems.

Wolle jiim ek ris in Frysk Kroechkwis by jim yn it doarp? Mail nei praatmarfrysk@gmail.com en wa wit komme wy takom jier by jim del om in bierke en de leukste kroechkwis fan Fryslân!

0 Reaksjes
44 Views