Fan oktober ôf set de Afûk wer útein mei de kursussen Frysk. Elkenien dy’t de taal ferstean, prate of skriuwe wol, kin in kursus Frysk folgje.

Yn 10 lessen learst alles om it Frysk brûke te kinnen. Op moandei, tiisdei of woansdeitejûn wurde de measte groepskursussen hâlden. Dat bart yn û.o. Ljouwert, Drachten, Hearrenfean, Snits, Dokkum en Frjentsjer. Sjoch foar it folsleine oanbod op de kursuswebside of download de kursusfolder 2017-2018.

Stjoer in e-mail of belje foar ynformaasje nei de Afûk: l.kuiper@afuk.nl, of tel. 058 234 30 79.

In kear in workshop Frysk yn dyn doarp hâlde? Dat kin it hiele jier troch.

Foar it stjoeren fan Fryske appkes, tweets, berjochten, e-mails en kaarten of brieven. Jou dy op mei freonen, famylje of redaksjeleden, dat kin al mei in groepke fan 7 of 8 dielnimmers. Sjoch foar mear ynfo op: Workshop Frysk Skriuwen.  ‘Alfêst… Oant sjen!’