Ja! Wy fan Praat mar Frysk organisearje wer in Fryske Kroechkwis! Op freed 24 maart om 20:00 oere gean wy los yn ytkafee ‘Lange Piet’ op De Lemmer! Meidwaan? Jou dy mei dyn team op fia praatmarfrysk@gmail.com en win dikke fette prizen!
Der is bier, der is fris, de leukste fragen oer Fryslân, de taal en de kultuer en fansels oer De Lemmer en omstreken! De presintaasje is yn hannen fan stand-up comedian Douwe Gerlof Heeringa.
De Fryske Kroechkwis wurdt mei mooglik makke troch ytkafee ‘Lange Piet’, Sonnema, Weidenaar, drukkerij Van der Eems en de Afûk. Graach oant freed 24 maart op it altyd moaie De Lemmer!