Ja! Wy fan Praat mar Frysk organisearje wer in Fryske Kroechkwis! Op freed 23 maaie om 19.30 gean wy los yn kafee ’De Welp’ yn Reduzum! Meidwaan? Jou dy mei dyn team op fia praatmarfrysk@gmail.com en win dikke fette prizen!

Der is muzyk fan Baba Live, der is bier, der is fris, de leukste fragen oer Fryslân it Frysk en oer Reduzum fansels. De presintaasje is yn hannen fan stand-up comedian Douwe Gerlof Heeringa.
De Fryske Kroechkwis wurdt mei mooglik makke troch Kafee ’De Welp’, Sonnema, Weidenaar Woarst en de Afûk. Graach oant freed 23 maaie om 19.30 yn ’De Welp’!