Op freed 6 oktober om 19:30 oere organisearret Praat mar Frysk fan de Afûk in Fryske Kroechkwis yn kafee ‘De Lits’ yn De Rottefalle! Meidwaan? Jou dy mei dyn team (1-6 persoanen) op fia praatmarfrysk@gmail.com en wa wit winne jim de haadpriis!
Der is muzyk, der is bier, der is fris en fansels de leukste fragen oer De Rottefalle en Fryslân! De presintaasje is yn hannen fan stand-up comedian Douwe Gerlof Heeringa.
De Fryske Kroechkwis wurdt mei mooglik makke troch kafee ‘De Lits’, Sonnema, Weidenaar Woarst, drukkerij Van der Eems en de Afûk. Heel graach oant sjen op freed 6 oktober yn De Rottefalle!
Dogge jim ek mei?