Op freed 30 novimber 19:30 oere organisearret Praat mar Frysk fan de Afûk wer in Fryske kroechkwis. Diskear yn multifunksjoneel sintrum De Golle yn Wurdum!

Meidwaan? Jou dy mei dyn team (1-6 persoanen) fan hjoed ôf oan op fia praatmarfrysk@gmail.com. Dielname is fergees.

Der is muzyk, der is bier, wyn en fris en fansels de leukste fragen oer Fryslân, Wurdum en it Frysk. De presintaasje is yn hannen fan stand-up comedian Douwe Gerlof Heeringa.

De Fryske Kroechkwis wurdt mei mooglik makke troch Sonnema Berenburg, Weidenaar Worst, Drukkerij Van der Eems en de Afûk. Graach oant sjen op freed 30 novimber om 19:30 oere yn De Golle yn Wurdum!

Praat mar Frysk organisearret sûn 2013 al Frysk kroechkwissen rûnom yn de provinsje. De Fryske kroechkwis yn Wurdum is alwer de 12e edysje. Praat mar Frysk is in kampanje fan de Afûk mei as doel Friezen bewust te meitsjen fan harren twataligens en harren dêr grutsk op te meitsjen.

 

lytsPoster-Flyer Fryske Kroechkwis Wurdum 2018