Dit is ús Femke!


Ik bin Femke. En sûnt jannewaris rin ik myn ôfstudearstaazje by Praat mar Frysk. Earst wat oer mysels. Ik bin 22 jier jong en bin dwaande mei myn fjirde en lêste jier fan ‘e stúdzje Kommunikaasje oan de NHL yn Ljouwert.
Yn myn frije tiid spylje ik bugel en help ik it iishockeyteam UNIS Flyers mei harren kommunikaasje en marketing om safolle mooglik taskôgers nei de wedstriden te krijen.
Tidens myn ôfstudearstaazje, dy’t tweintich wike duorje sil, fier ik benammen opdrachten út foar Praat mar Frysk en doch ûndersyk foar myn ôfstudearopdracht. Dêroer letter grif mear!