Doutzen romme mei ynwenners fan Flylân en de boargemaster it strân fan Flylân op, yn gearwurking mei Rivella en Stichting de Noordzee. “Ik rûn froeger mei myn âlders altyd oer it strân en ha doe leard dat it hiel gewoan is om de rommel op te rêden. Ik kom graach op it Waad en  ik wol myn bern ek meijaan hoe belangryk in skjin strân is. Op dizze wize kinne je wer in stikje werom jaan.”, seit Doutzen. Doutzen fynt it moai dat Rivella hjir ek omtinken oan jout. Boppedat is Rivella fan oarsprong ek Frysk. “Dat sprekt my oan. En it wie it drankje dat ik froeger fan ús mem krige.”

Oer de Fryske taal seit se: “Myn bern prate Frysk. Phyllon, myn soan, leart it sels oan syn suske. Dus der wurdt thús altyd Frysk praat.”

Foto: Rivella
Boarne: Leeuwarder Courant, 17 desimber 2016