Op moandei 15 septimber 2014 binne yn Hurdegaryp de earste Fryske ferkearstegels presintearre troch wethâlder Houkje Rijpstra fan Tytsjerksteradiel. De ferkearstegels drage by oan in feilige omjouwing by de skoalle en binne ûnderdiel fan in ferkearsedukatyf programma ‘Leer in het Verkeer’ basearre op Dick Bruna-yllustraasjes. De tegels binne pleatst yn de omjouwing fan basisskoallen KBS de Winde en IBS Hurdegaryp yn Hurdegaryp.

 

Op inisjatyf fan de basisskoallen en ferkearsâlders is yn gearwurking mei de gemeente Tytsjerksteradiel keazen foar de materialen ‘Leer in het Verkeer’. De Afûk hat materialen fan dy lesmaterialen oerset nei it Frysk. De skoallen út Hurdegaryp keazen as earste foar dizze Fryske materialen.

 

“Leer in het Verkeer”
De metoade ‘Leer in het Verkeer’ is bedoeld foar bern fan 1 oant en mei 6 jier. De grutte krêft fan it programma is de kombinaasje fan lesmaterialen foar yn de klasse en ferkearstegels- en buorden yn de omjouwing fan de skoalle. Bern leare de teory yn de klasse, bûten leare bern mei help fan de oanwizingen op tegels en buorden. De oanwizing op de tegel slacht op de direkte omjouwing . Yn de buert fan parkearre auto’s leit der in tegel mei de tekst oer it oerstekken by parkearre auto’s. Troch de Fryske ferkearstegels te pleatsen wurdt de omjouwing fan de skoalle in feilige skoalzône. It brede Leer in het Verkeer-pakket sprekt alle partijen (bern, âlders, skoalle en gemeente) oan op ien mienskiplik doel: ferkearsfeilich gedrach fan bern.

Mear ynfo? Sjoch hjir.

 

Illustraties Dick Bruna © copyright Mercis bv, 1953-2014