Kies dyn moaiste Fryske wurd, doch mei oan it Libben Mozayk en genietsje fan muzyk út Fryslân en Baskelân!

Op freedtemiddei om 13.00 oere wurdt op De Merk yn Dokkum de Tosta Village feestlik iepene troch mefr. dep. Sietske Poepjes.

Se is de earste dielnimmer oan de workshop fan de Ierske keunstneres Nuala Ní Fhlatúin dy’t dit foarjier in skoftke yn Fryslân wenne en wurke hat foar it Tosta-projekt. Sietske Poepjes sil har moaiste Fryske wurd útkieze en dêromhinne in dykje bouwe fan Waadseeklaai. Dêrmei is de Tosta-útstalling ek iepene. Oare oanwêzigen wurde it hiele wykein fan de Admiraliteitsdagen útnûge om itselde te dwaan om sa ta in mienskiplik keunstwurk te kommen.

Dêrnei geane wy mei ús allen nei de Bargemerk om mei te dwaan oan it ‘Libben Mozayk’. As dat ‘derop stiet’ – it wurdt filme – binne der op de Merk optredens fan Marit & Pa, Metz en Mulder, Baba live en de Baskyske band Oreka TX, kinst de útstalling besjen, meidwaan oan workshops, genietsje fan in drankje en mear te witten komme oer de ferskillende oare Tosta-regio’s: Wales, Ierlân, Baskelân, Skotlân, Cornwall en Galisië.

 

Besjoch hjir de Tostaband mei de Tostasong yn 7 ferskillende talen en it Tosta libben mozayk oant no ta.