It wie grut feest yn kafee ’De Welp’ yn Reduzum ôfrûne freed tidens de Fryske Kroechkwis fan Praat mar Frysk! Hast 100 man sammelen har yn de boppeseal fan ’De Welp’ foar de leukste kwis fan Fryslân.

En úteinlik koe der mar ien team winne. En dat wie diskear it team ’Fiif bier en ien wite wyn’ mei mar 23 flaters, lokwinske! En fansels ek de oare 14 dielnimmende teams, want meidwaan is fansels belangriker as winne! 🙂
Nochris tank oan elkenien dy’t meidie! Tank ek oan de band ’Baba Live’, Sonnema, Weidenaar Worst en de presintator Douwe Gerlof Heeringa! En fansels ek ús tank oan Lutske en Jeroen fan kafee ’De Welp’. Heel graach oant sjen en hâld ús webside mar yn ’e gaten want wy hâlde dit jier seker noch in kear in Fryske Kroechkwis!