Frysk op ‘’e dyk


Hasto de spesjale Tumblr-side foar foto’s mei in Fryske tekst al sjoen? Hup fluch even sjen en meidwaan fansels! Komst bygelyks in frachtwein tsjin mei in Fryske spreuk, stiet der by jim yn ‘e strjitte in Frysktalich ferkearsboerd of hawwe jim yn it Frysk ierpels te keap?
Mail dyn foto nei fryskopedyk@gmail.com en wy sette him foar dy op de iennige echte Fryske Tumblr-side! Sa hawwe wy mei syn allen ien sintraal punt foar alle foto’s mei in Fryske tekst yn de iepenbiere romte. Leuk net?