No sneon 11 april is it feest yn Wergea! De alderearste Frysk op’e dyk-midje! In hele gesellige midje wêrby’t wy mei syn allen it Frysk op ‘e dyk fan Wergea op ‘e foto sette!

Mar der is noch folle mear! Der wurdt in fotografy-workshop holden, der is in workshop Fryske ‘street-art’, in ferkiezing fan de moaiste Frysk op ‘e dyk-foto en der is in Praat mar Frysk-ynfostand! En fansels is ús Praat mar Frysk-amabassadeur Baba der ek by!

Wy sjogge jim graach no sneon 11 april om 13.00 oere yn doarpshûs ‘Us Doarpshûs’ oan de Nieuweweg 2-4 yn Wergea! Fan herte wolkom en ferjit dyn fototastel net!

Alfêst wat Frysk op ‘e dyk-foto’s út de rest fan Fryslân sjen? Besjoch ús Tumblr-side mei mear as 500 Frysk op ‘e dyk-foto’s! Hast ek in Frysk op ‘e dyk-foto? Mail ‘m nei: fryskopedyk@gmail.com of kom ‘m no sneon even delbringen yn Wergea!