Frysk op Forvo.com


Forvo is de grutste audio gids yn de wrâld mei in database fan 3 miljoen wurden yn 325 talen.  Op www.forvo.com fynst in hiel soad audio wurdboeken yn in hiel soad talen. Al dy wurden wurde ynsprutsen troch ‘de mienskip’. Do kinst dus sels ek meidwaan en wurden ynsprekke, mar ek lústerje nei in hiel soad talen en wurden. Neist de grutte talen steane der ek in grut tal lytse talen yn.  It Frysk stiet dêr fansels ek by, al is dêr noch net safolle foar ynsprutsen. Wurk oan de winkel dus! Kinst dy ynskriuwe en dan kinst dus ek sels wurden ynsprekke en oersettingen taheakje. Ast it Frysk sikest: it stiet Fries yn de Nederlânske list en as West Frisian yn it Ingelske oersjoch mei talen.

Der is ek in Forvo-app yn de Google Play Store en yn I-tunes.