Ut ferskillende ûndersiken fan de Fryske Akademy docht bliken dat de Social Media in grutte stimulâns binne foar it brûken en skriuwen fan it Frysk. De drompel om it Frysk te brûken op sosjale media leit leech en minsken brûke it faak. Sa’n 66% fan de Friezen brûkt it Frysk gauris op app en sms en op Facebook is dat 57%. (Taalsurvey Taal yn Fryslân, Edwin Klinkenberg).

Begjin sels!
Ut it ûndersyk fan Lysbeth Jongbloed docht bliken dat 92% fan de minsken dy’t sy ûnderfrege hat oer it brûken fan it Frysk op sosjale media yn it Frysk antwurdzje as se in berjocht yn it Frysk krije. Dus as wy wolle dat mear minsken it Frysk brûke, moatte wy dêr sels mei begjinne.

Gjin taalplysje …
En wat wy fansels ek al lang wisten: wy moatte it Frysk op sosjale meida stypje, mar dêrnei de minsken net ûntmoedigje troch har te wizen op flaters dy’t se makke hawwe. It ûndersyk fan Nika Stefan lit sjen dat minsken dy’t it Frysk faker brûke it fansels better begjinne te skriuwen. Se moatte neitinke oer wurden en stavering en geane op sa’n stuit bewust mei de taal om. En dat is no krekt wat nedich is om de stavering te ferbetterjen. Mei oare wurden: yn de rin fan ‘e tiid wurdt de stavering fansels better. It skriuwen fan it Frysk ferbetteret de taalkennis fan it Frysk.

Goed om te witten dat wat wy al tochten no ek befêstige wurdt mei wittenskiplik ûndersyk.

 

Boarne en mear ynfo: It Nijs