Frysk skriuwe?


Ja, Fryske Twitterdei stiet foar de doar en do wolst fansels al in bytsje goed foar de dei komme mei dyn Frysk. Dat kin hear! En wy helpe dy graach! Hjir in tal handige tips!

Lear mar Frysk bygelyks. Mei Lear mar Frysk kinst dyn Frysk yn in pear tellen byspikerje. In pear kear yn ‘e wike 4 mearkarsfragen oer it Frysk; staveringsregels, skriuwwizen alles komt oan ‘e oarder! Sa maklik hat Frysk learen noch net west!

De leskes fan professor Henk binne der ek noch fansels. Mear as 25 fideoleskes fan maksimaal in pear minuten. Oer bygelyks de i-klanken; wannear skriuwst it mei in ‘ii’ en wannear brûkt ‘ie’. In leske oer de tiidwurden. Oer ‘frjemde’ wurden en noch folle mear! Gau even sjen dus!

En dan is der fansels noch de Praat mar Frysk-app foar op dyn snoadfoan! In mear as handige wurdboek-app! Altyd in Frysk wurdboek by dy en mei de app kinst wurden ek fuort kopiearje nei in sms-ke, WhatsApp, in Facebook-berjocht of foar op Twitter! Handich! Hy is te krijen foar iPhoners en Androïden! Kinst ek Taalweb.frl brûke; in handige webside mei in wurdboek en kinst dyn teksten neisjen litte!

Foar wa’t echt seker wêze wol fan in flaterleas twitterberjocht kin fansels altyd terjochte by de Afûk foar in kursus Frysk. Klik hjir foar in folslein oersjoch fan alle kursussen. Foar Friezen en net-Frysktaligen. Sukses!