Ja! Wy fan Praat mar Frysk organisearje wer in Fryske Kroechkwis! Op freed 11 desimber om 19.30 gean wy los yn De Krúswei yn Damwâld! Meidwaan? Jou dy mei dyn team op fia praatmarfrysk@gmail.com en win dikke fette prizen!
Der is bier, der is fris, de leukste fragen oer Fryslân, de taal en de kultuer en fansels oer Damwâld en omstreken! De presintaasje is yn hannen fan stand-up comedian Douwe Gerlof Heeringa.
De Fryske Kroechkwis wurdt mei mooglik makke troch De Krúswei yn Damwâld, Sonnema, Weidenaar en drukkerij Van der Eems. Graach oant freed 11 desimber yn it altyd moaie Damwâld!