Ja! Wy fan Praat mar Frysk organisearje wer in Fryske Kroechkwis! Op freed 6 novimber om 19.30 gean wy los yn De Herberch fan Nijlân! Meidwaan? Jou dy mei dyn team op fia praatmarfrysk@gmail.com en win dikke fette prizen!
Der is bier, der is fris, de leukste fragen oer Fryslân, de taal en de kultuer en fansels oer Nijlân en omstreken! De presintaasje is yn hannen fan stand-up comedian Douwe Gerlof Heeringa.
De Fryske Kroechkwis wurdt mei mooglik makke troch De Herberch fan Nijlân, Sonnema, Weidenaar en drukkerij Van der Eems. Graach oant freed 6 novimber yn it altyd moaie Nijlân!