Coca-Cola makket yn de stêd Grins reklame yn it Frysk. It colamerk hat yn Grins posters ophongen mei in krystman dy’t oan in fleske cola sit en de tekst: Noflike Krystdagen Fryslân. It is net foar it earst dat in bedriuw yn it Frysk reklame makket yn Grins. Albert Heijn hat it yn 2014 ek ris dien. Dat wie in fersin. Oft dat mei Coca Cola ek sa is, is net dúdlik. Se hawwe der yn alle gefallen it nijs mei helle. 😉

Foto: Nicolaas Kraft van Ermel
Boarne: Omrop Fryslân