Op sa’n Fryske Twitterdei is it sintrale middelpunt fansels Twitter sels. Wy begûnen moarns om in oer as 6:30 mei de tweet: ’IT GIET OAN! Fryske Twitterdei! Brûk de hekstek #Frysk en meitsje der in prachtige dei fan! Dochst mei?’ Dizze tweet waard binnen de koartste kearen al 134 kear retweeten! Dêrmei wie de hekstek #Frysk om 10.00 oere moarns al trending topic.
Oer de hele dei sjoen ferstjoerden tûzenen Twitterders, út mear as 25 lannen, 9403 unike tweets mei de hekstek #Frysk. Dêrmei is de hekstek #Frysk by mear as 6.000.000 minsken ûnder eagen kommen! En dat foar sa’n lytse taal, dêr meie wy dochs wol in bytsje grutsk op wêze. Wy binne heel benijd hoe’t it dit jier gean sil! Dochst ek mei?