Leave minsken, yn de Fryske Google Translate Wike hawwe jim oergryslik jim bêst dien en al in hiel soad oerset. Dat is genôch om it Frysk beskikber te meitsjen yn Google Translate!

Mar, om de kwaliteit fan de data te ferbetterjen, kin der noch hieltyd oerset wurde. Wat mear oersettingen der makke wurde, wat better de kwaliteit úteinlik wurde sil! In moaie reden om yn de krystfakânsje noch eefkes efter it skerm te krûpen.
Hoe’t it oersetten ek mar wer wurke fine jim hjirre: www.fryslan.frl/fgtw. Post dyn moaiste oersetting of persoanlik rekôr mei de fermelding op de Facebook-side fan Praat mar Frysk en meitsje kâns op in moaie priis! De prizen wurde yn jannewaris ferlotte. Jim kinne kieze tusken in hearlike taart of – yn it ramt fan goeie foarnimmens in fruitpakket!