Ken Ho is yntusken wer yn Hong Kong, mar wy hawwe noch hieltyd kontakt mei him. Dit skreau hy ús fannewike:

“Wat leuk om wer fan jim te hearren. Ik bin feilich thús oankommen. Ik bin no drok dwaande om ynformaasje te sammeljen foar it skriuwen fan in Frysk boek yn gearwurking mei Dyami Millarson. Dêrom bin ik noch eltse dei mei Fryslân en it Frysk dwaande. Ik fiel my no mear oft ik op fakânsje bin yn Hong Kong. Myn hert en siel binne noch yn Fryslân. Ik fiel my echt op in besûndere manier ferbûn mei de Fryske taal en kultuer. Ik mis de Friezen in protte. Sy binne golle minsken. Ik wol wer sa snel mooglik weromkomme. Myn Alders binne foaral ferrast dat de Friezen my sa in waarm wolkom jûn hawwe en dat ik yn harren taal yn twa moannen prate leare kinne haw. Ik bin dwaande om harren in pear Fryske wurdsjes te learen.”

Wy hâlde kontakt!

Mei freonlike groetnis,

Ken Ho

 

Boppesteande prachtige foto is makke troch Lennie Bronsveld fan Omrop Fryslân.