Hoe doch ik mei?
|
Wy fan PraatMarFrysk.nl advisearje... praat mar Frysk :-)
|
| |
|
Dat kin op sa'n soad manieren. Op 'e dyk, yn de winkel, mei dyn maten, mei muzyk, mei dyn freondinnen en fansels mei wille. En dat wolle we graach sjen. Opblaaslippen, stikkers & praatpeal Stjoer dyn foto's en filmkes fan de opblaaslippen en de praatmarfrysk-stikker nei ús ta fia it ferstjoerformulierke by Foto's en wy pleatse de leukste op de site. En as ús praatpeal by dy yn 'e buert is kinst dêr dyn ding yn sizze, sjonge, brabbelje of raze! Ek toaniel, kabaret en muzyk Wy soargje foar oandacht foar jim wurk. Stjoer ús film- of lûdsfragminten fan dyn toanielútfiering, kabaretfoarstelling of de muzyk fan dyn band. Alles mei en stjoer it op. Wat bart der mei dyn materiaal? We sette hast alles watsto ús opstjoerst op dizze site en op ús Hyve: http://praatmarfrysk1.hyves.nl/ . Wat kinsto, neist 'eeuwige roem' winne? Mei dyn filmke, foto of mp3 dochst automatysk mei foar de haadpriis; in eksklusive fotoshoot mei in topfotograaf. Of makkest kâns op ien fan dy radiografysk bestjoerbere PraatmarFrysk-seppelins.
|
|
|
Wy fan Praat mar Frysk meitsje in soad mei. Lês hjir wat wy allegear betinke en belibje mei Doutzen, Pieter, Wout en mei jimme...
Rinze hat de hik!
|
Kleurplateboekje mei ferhalen foar bern
'Rinze hat de hik' is in boekje mei in grappich rymjend ferhaal oer Rinze de Kikkert. Hy hat de hik, mar hoe komt er der wer fanôf? De tekeningen kinne ynkleure wurde. Leuk foar thús én op skoalle. Skreaun troch Ate Grypstra mei tekeningen fan Laurens Bontes.
|
 |
03 aug 2010 11:14
Reageer! (0) reaksjes trochstjoere
|
 |
Jou dy del!
|
op it Praat mar Frysk-bankje
Guon fan jim hawwe him grif al stean sjoen, it ienige echte Praat mar Frysk-bankje foar de boekwinkel fan de Afûk. Bist ferplichte om mei dyn freondinne de stêd yn om te shoppen, dan kinst dy fan no ôf oan lekker del jaan op it Praat mar Frysk-bankje.
|
 |
09 jul 2010 15:08
Reageer! (0) reaksjes trochstjoere
|
 |
Sobberakje Praat mar Frysk
|
Winner sobberfotowedstriid bekend!
Ien kear yn de trije moanne makkest op Praat mar Frysk en Heit & Mem kâns op in fergees Praat mar Frysk-kreampakket. Meitsje in foto fan jim berntsje mei de Praat mar Frysk-sobber en stjoer him op nei ynfo@heitenmem.nl. Jim foto komt dan op de nije webside fan Heit & Mem en miskyn ek wol yn it folgjende Heit & Mem tydskrift.
|
 |
30 jun 2010 13:19
Reageer! (1) reaksjes trochstjoere
|
 |
Taalspultsje Achtkarspelen online!
|
Aukje Jansma wint Frysk diktee Achtkarspelen
Aukje Jansma út groep 8 fan de iepenbiere basisskoalle It Holdersnêst út De Harkema is de winner fan it Taalspultsje Achtkarspelen mei in topskoare fan 90%. De hiele top 5 fan it taalspultsje bestie út learlingen fan ’t Holdersnêst. Dizze skoalle hat dizze wike ek it sertifikaat krigen foar ‘Trijetalige skoalle’.
|
 |
28 jun 2010 12:37
Reageer! (0) reaksjes trochstjoere
|
 |
|
 |
|
Tip de redaksje
Stjoer ús dyn links, nijs, geruchten, foto’s, filmkes,
muzyk en alle oare spam!
|
|
Bestel fergees de Praat Mar Frysk buttons, de posters, de lippen fan Doutzen, de boomerang kaarten en noch folle mear. We stjoere it fergees dyn kant út! Mar we ferwachtsje wol datsto in foto of in filmke makkest as tsjinprestaasje. Dy sette we dan wer op de site fansels!
Us foarried is net hiel grut, dus it kin wêze dat dyn bestelling net altyd útfierd wurde kin.
Nei de Praat Mar Frysk winkel ta! >
|

Miskien fielt de peal him ek prima thús op dyn evenemint! Toaniel, snertrace, muzyk, blomskikken, bradery, alles kin en mei. We kinne neat belove, mar freegje de peal oan fia dit e-mailadres en dan nimme wy kontakt mei dy op oer it hoe, wat, wannear en wêrom.
|
|