Hoe doch ik mei?

Wy fan PraatMarFrysk.nl advisearje... praat mar Frysk :-)

 

Dat kin op sa'n soad manieren.
Op 'e dyk, yn de winkel, mei dyn maten, mei muzyk, mei dyn freondinnen en fansels mei wille. En dat wolle we graach sjen.

Opblaaslippen, stikkers & praatpeal
Stjoer dyn foto's en filmkes fan de opblaaslippen en de praatmarfrysk-stikker nei ús ta fia it ferstjoerformulierke by Foto's en wy pleatse de leukste op de site. En as ús praatpeal by dy yn 'e buert is kinst dêr dyn ding yn sizze, sjonge, brabbelje of raze!

Ek toaniel, kabaret en muzyk
Wy soargje foar oandacht foar jim wurk. Stjoer ús film- of lûdsfragminten fan dyn toanielútfiering, kabaretfoarstelling of de muzyk fan dyn band. Alles mei en stjoer it op.

Wat bart der mei dyn materiaal?
We sette hast alles watsto ús opstjoerst op dizze site en op ús Hyve: http://praatmarfrysk1.hyves.nl/ .

Wat kinsto, neist 'eeuwige roem' winne?
Mei dyn filmke, foto of mp3 dochst automatysk mei foar de haadpriis; in eksklusive fotoshoot mei in topfotograaf. Of makkest kâns op ien fan dy radiografysk bestjoerbere PraatmarFrysk-seppelins.




 
Wy fan Praat mar
Frysk meitsje in
soad mei. Lês hjir wat wy allegear betinke en belibje mei Doutzen, Pieter, Wout en mei jimme...


Frysk leare op it ynternet
Oeral, op elk momint en op dyn eigen wize
Wolst Frysk leare en hast it net oan tiid om nei in mûnlinge kursus te gean? Dan is Frysk leare fia ynternet krekt wat foar dy. Op www.edufrysk.nl kinst Frysk skriuwen en lêze leare yn dyn eigen tiid en op dyn eigen nivo. It leuke oan eduFrysk is dat der ek in taallearcomminity oan keppele is sadat’tst de lessen ek mei syn allen dwaan kinst.
19 jun 2010 12:51 Reageer! (0) reaksjes trochstjoere
De Strawelte T-himde Opheldei
bin ik de heit fan Doutzen?
Strawelte is los mei de ferkeap fan de spesjale 'Bin ik de Heit Fan Doutzen' t-himden, en it rint as it spoar. Wa't ek ien wol, kin ien of mear bestelle yn harren websjop. En om de postboades fan Fryslân wat te ûntsjen, kinst dyn eigen bestelde eksimplaar ophelje op it Strawelte t-himde Ophelfeest yn Burgum op 20 juny.
25 mei 2010 9:05 Reageer! (1) reaksjes trochstjoere
Us nije ambassadeurs!
Equal Souls
Noch foar't sy unanym as winner fan Liet 2010 keazen waarden, hienen wy de hantekenings al setten. En dêrmei hat de band Equal Souls him neist al ús oare Fryske top-ambassadeurs ek ferbûn oan de Praat mar Frysk kampanje. En dêr binne wy wakker wiis mei!
25 mei 2010 13:20 Reageer! (1) reaksjes trochstjoere
Frijkaarte-aksje Guus Meeuwis
de winners!
Yn ús nijsbrief skreaunen wy in frijkaarte-aksje út foar it konsert fan Guus Meeuwis op 5 juny yn it Abe Lenstra Stadion. Stjoer Guus en ús in Fritskaart mei dyn ferhaal wêrom'tsto der by wêze moatst. Fan de mear as hûndert ynstjoerings binne der úteinlik trije winners keazen.
21 mei 2010 9:17 Reageer! (0) reaksjes trochstjoere
  ««  « Vorige  2  3  4  5  6  Volgende »  »»  
Tip de redaksje
Stjoer ús dyn links, nijs, geruchten, foto’s, filmkes,
muzyk en alle oare spam!

Bestel fergees de Praat Mar Frysk buttons, de posters, de lippen fan Doutzen, de boomerang kaarten en noch folle mear. We stjoere it fergees dyn kant út! Mar we ferwachtsje wol datsto in foto of in filmke makkest as tsjinprestaasje. Dy sette we dan wer op de site fansels!

Us foarried is net hiel grut, dus it kin wêze dat dyn bestelling net altyd útfierd wurde kin.


Nei de Praat Mar Frysk winkel ta! >


Miskien fielt de peal him ek prima thús op
dyn evenemint! Toaniel, snertrace, muzyk,
blomskikken, bradery, alles kin en mei. We
kinne neat belove, mar freegje de peal oan fia
dit e-mailadres en dan nimme wy kontakt mei
dy op oer it hoe, wat, wannear en wêrom.


Skriuw dysels, mei dyn emailadres, yn foar de PMF Nijsbrief.
  

Home |  Hoe doch ik mei? |  PMF Shop |  Bedriuw en Frysk |  Foto's |  Fideos |  Blog |  Downloads |  Ambassadeurs
Nim kontakt op mei it Praat Mar Frysk team