In nije Praat mar Frysk-app!


Hoppaaa! De Praat mar Frysk-app is der! Hielendal fergees! In gloednije app mei in wurdboek Nederlânsk-Frysk, Frysk-Nederlânsk, wurden dy’tst knippe en plakke kinst foar sms, WhatsApp en emails.

Wat ek leuk is, is datst dyn freonen, famylje en oare kunde mei de app in digitaal selsmakke tútsje stjoere kinst, fia Facebook of fia email. Dêrneist sil de app gauris updaten wurde mei nije funksjes en mooglikheden. Leuk net?

Download ‘m hjir foar dyn iPhone en hjir foar dyn Androïd-tastel!