Slide 2
Op syn Frysk by Poppoadium Iduna!
Iduna kloppe by ús oan om te hearren wat wy foar harren betsjutte koenen as it giet om it 'ferfryskjen' fan harren nije hússtyl yn harren gebou. Fansels helpe wy dêr graach by!
Slide 2
Yn it Frysk by blommesaak It Gieterke
It is hast Falentyn én Fryske Freed, dat wy gienen op besite by miskien wol dé meast Fryske blommesaak fan Fryslân 'it Gieterke' fan Sjimmie yn Burdaard! Wat hat sy mei it Frysk en hoe pakt sy dat oan mei har bedriuw? Tsjek de fideo!
Slide 2
Nije workshops Psychology fan dyn Taal
Ek foar takom jier steane der wer nije workshops Psychology fan dyn Taal op it programma. Wês der gau by, want fol is fol!
Slide 2
Wetterskip Fryslân
Wetterskip Fryslân benadere ús mei de fraach hoe’t wy harren helpe koenen om it Frysk binnen harren organisaasje in plak te jaan.
Slide 2
In kursus Frysk, ek wat foar dy?
In kursus Frysk folgje kin by de Afûk yn allerhande foarmen: fan ferstean oant skriuwen en fan selsstúdzje oant in kursus op maat.
previous arrow
next arrow

Yn de websjop

Poster ‘Werom hast foar de wyn!’

Werom hast foar de wyn. In nije Praat mar Frysk-poster, hielendal fergees en op op A2-formaat.

Undernimme

Frysk? Dat kinst ek sjen litte!

As Frysk bedriuw kinst dyn Fryske identiteit fersterkje troch it Frysk sjen te litten yn dyn kommunikaasje. Wy kinne dy dêr by helpe: praktysk, kreatyf en finansjeel!

fan ús besikers op praatmarfrysk.nl
Wij wonen sinds anderhalf jaar in Fryslân en doen graag mee aan de campagne. De Friezen mogen grutsk zijn op hun taal !
Joep / Sneek
Wy wolle graach oanjaan oan de klanten dat wy graach yn use memmetaal prate.
Intersport / Dokkum
Ik fyn it leuk om myn kollega's de Fryske taal ûnder de noas te drukken... ;-) Want ik bin d'r grutsk op!
Hinke Janna / Ljouwert
Ik haw de buttons in kear sjoen by in kollega en fûn it sa leuk! Ik wurkje yn de soarch en wol graach útdrage dat ik Frysk mei myn pasjinten prate kin.
Hanna / Ljouwert
Ik bestel it foar ús buurthúskeamer fan 't Leger des Heils yn Dokkum. Ik fyn 't wichtich om de fryske taal under de aandacht te bringen en t fleurt de boel op.
Jolanda / Dokkum
1 2 3 5

Foar dy

Bisto lykas ús grutsk op it Frysk en wolst it mear brûke, sichtber meitsje en hearre litte?
Dan hawwe wy fan alles wat dy dêr by helpe kin!

De Praat mar Frysk Kroechkwis

De leukste Fryske kroechkwis fan Fryslân is der takom jier digitaal!

De Praat mar Frysk-kroechkwis is fanôf takom jier ek as web-app beskikber. Sa kinne wy him foar elk dy’t ‘m oanfreget op maat oanbiede. Leuk foar by jim yn de kroech fansels, mar ek mei kollega’s yn de bedriuwskantine, mei freonen yn de keet of gewoan thús! En it is ek noch hielendal fergees! Jou dy op fia ûndersteand formulier en wy nimme sa gau as mooglik kontakt mei dy op om spesjaal foar jim in kroechkwis gear te stallen. Wy hoopje yn 2024 de earste digitale Praat mar Frysk-kroechkwis út te setten!

Mear witte?

Psychology fan dyn taal

Tinksto der by nei hokker taal ast brûkst yn kontakt mei oaren? Thús, mei freonen, op it wurk, by de dokter of oan de kassa? Makkest it yn in byienkomst wol ris mei dat ien dy freget om Nederlânsk te praten? Wat dochst dan en hoe fielt dat? Dat alles giet de workshop 'Psychology fan dyn taal' oer.

Mear ynfo

Lear mar Frysk

Hoe stiet it der foar mei dyn Frysk? Kinsto de staveringsregels in bytsje? Wat is wol of net in Frysk wurd? Mei ‘Lear mar Frysk’ kinst dyn kennis oer it Frysk teste yn fjouwer fragen. Sjoch gau op www.learmarfrysk.nl oft it ‘Blinder’ of ‘Blunder’ is!

Tsjek dyn Frysk

Frysk op 'e dyk

Der is om ús hinne in hiel soad yn it Frysk te sjen, mar it is soms sa fanselssprekkend dat it ús net mear opfalt. Dat wolle wy mei it sammeljen fan Frysk op 'e dyk-foto’s feroarje. Hasto ek in moaie Frysk op ‘e dyk-foto? Mail 'm nei: ynfo@praatmarfrysk.nl!

Lit mar sjen!

Praat mar Frysk, ek mei nije Fryskpraters

Wistesto dat in tredde fan de Fryskpraters it Frysk as twadde taal hat en it dus net fan hûs út leard hat?

Ut ûndersyk docht bliken dat dy it hiel bot wurdearje dat der Frysk tsjin harren praat wurdt. Ek as se sa no en dan Nederlânsk wer werom prate. Se fine it soms best lestich om Frysk yn it iepenbier te praten en in oanmoediging, komplimint en in bytsje geduld wurdt dan hiel bot op priis steld.

Mear witte?

De Praat mar Frysk app

De Praat mar Frysk-app is in wurdboek en in freone-app yn ien! Dêrneist wurdt de app geandewei it jier geregeld oanfold mei nije funksjes en mooglikheden! Downloade? De app is te finen yn de Apple-store en yn de Androïd-market!

mear witte?

Folgje ús op Instagram

En alwer moaie #Frysk op 'e dyk foto!📸

Diskear mei tank oan Theo!😊

Hasto ek in moaie #Frysk op 'e dyk-foto? Mail 'm nei: ynfo@praatmarfrysk.nl!
📢 FERGETTEN WURD: 'Noaskje' ‼️

Ned: bevallen, aanstaan
Eng: to suit, to please, to like

Betsjutting:  nei it sin wêze, mei jins smaak oerienkomme
Synonimen: (ta)lykje, oanstean, befalle, haagje, sinnigje 

Wêr komt it wei?
Noaskje kaam ik wer ris tsjin yn in berjochtsje yn myn mailboks in skoftke werom. As antwurd op in foarstel foar in ôfspraak: ‘dat noasket my wol’. Dat stiet my wol oan. It kin dy ek ‘net noaskje’ en dan befalt it dy net, of stiet it dy net oan. Ik fyn it in moai wurd om’t it yn dy foarm bygelyks net yn it Nederlânsk foarkomt: dat neust mij wel of dat neust mij niet... ik ha it noch nea heard.

Wêr’t it wurd weikomt is fansels net sa’n ferrassing, want ast sjochst hoe’t it skreaun is, is it dúdlik dat it fan ‘noas’ komt. De útspraak kin miskien noch wol foar wat betizing soargje om’t it in wurd mei ‘brekking’ is. De oa klank feroaret yn in ‘wa’ klank. It noasket my, betsjut dus eins ‘it befalt my wat ik rûk’, ‘de geur stiet my wol oan’, ‘ik ha der efkes oan snuffele en ik fyn it goed’. 

It grappige is dat yn it Frysk ek it wurd ‘mûlkje’ foarkomt mei deselde betsjutting. Dat mûlket my, betsjut ek: dat befalt my. Dat smakket my lekker (yn oerdrachtlike sin).

Dêrneist is dit ek in moai momint om minsken yn it sin te bringen dat it yn it Frysk dochs ek ‘noas’ is en net ‘neus’. Ik hear dat in hiel soad om my hinne. En it is júst sa moai dat it Ingelske ‘nose’ en it Fryske ‘noas’ sa bot opinoar lykje. Hâld dat der yn. Dat soe my wol noaskje.

---

Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma Goeiemiddei mei Johan Terpstra
🥳𝐈𝐭 𝐢𝐬 #𝐅𝐫𝐲𝐬𝐤𝐞𝐅𝐫𝐞𝐞𝐝! 𝐄𝐧 𝐝𝐚𝐭 𝐟𝐢𝐞𝐫𝐞 𝐰𝐲 𝐡𝐣𝐨𝐞𝐝 𝐦𝐞𝐢 𝐝𝐞 𝐑𝐞𝐠𝐢𝐨𝐁𝐚𝐧𝐤!🥳

In skoftke lyn berjochten wy der al oer: by Van Campen & Dijkstra RegioBank yn Fryslân kinst gewoan #Frysk prate. En dêr meie wy fansels wol oer! Wy gienen op 'e kofje om te hearren wat it Frysk harren opsmyt! Tsjek de fideo!

➡️Mei spesjale tank oan de RegioBank Gorredijk, Van Campen & Dijkstra RegioBank Sneek, Van Campen & Dijkstra RegioBank Burgum en RegioBank Grou! 🏦💗
Sjoch ris oan! Noch in moaie #Frysk op 'e dyk foto!📸

Sjoen yn Utert! Mei tank oan Emma Rixt!😊

Hasto ek in moaie #Frysk op 'e dyk-foto? Mail 'm nei: ynfo@praatmarfrysk.nl!
En alwer in moaie #Frysk op 'e dyk foto!📸

Mei tank oan Monique!😊

Hasto ek in moaie #Frysk op 'e dyk-foto? Mail 'm nei: ynfo@praatmarfrysk.nl!
Gjin grap, wy binne alwer april! In nije moanne! En dit is de Afûk-boeketip 10 fan april 2024! Lekker lêze en noch in nolike twadde Peaskedei! 🐰📚😄

‼️ Sit der wat foar dy by? Of sikest wat oars? ⬇️

https://websjop.afuk.frl/frl/producten/afuk-boeketip-10/
Copyright © 2024 Praat mar Frysk | Privacy Policy
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram