Slide 2
Op syn Frysk by Poppoadium Iduna!
Iduna kloppe by Ășs oan om te hearren wat wy foar harren betsjutte koenen as it giet om it 'ferfryskjen' fan harren nije hĂșsstyl yn harren gebou. Fansels helpe wy dĂȘr graach by!
Slide 2
Yn it Frysk by blommesaak It Gieterke
It is hast Falentyn én Fryske Freed, dat wy gienen op besite by miskien wol dé meast Fryske blommesaak fan Fryslùn 'it Gieterke' fan Sjimmie yn Burdaard! Wat hat sy mei it Frysk en hoe pakt sy dat oan mei har bedriuw? Tsjek de fideo!
Slide 2
Nije workshops Psychology fan dyn Taal
Ek foar takom jier steane der wer nije workshops Psychology fan dyn Taal op it programma. WĂȘs der gau by, want fol is fol!
Slide 2
Wetterskip FryslĂąn
Wetterskip FryslĂąn benadere Ășs mei de fraach hoe’t wy harren helpe koenen om it Frysk binnen harren organisaasje in plak te jaan.
Slide 2
In kursus Frysk, ek wat foar dy?
In kursus Frysk folgje kin by de AfĂ»k yn allerhande foarmen: fan ferstean oant skriuwen en fan selsstĂșdzje oant in kursus op maat.
previous arrow
next arrow

Yn de websjop

Poster ‘Werom hast foar de wyn!’

Werom hast foar de wyn. In nije Praat mar Frysk-poster, hielendal fergees en op op A2-formaat.

Undernimme

Frysk? Dat kinst ek sjen litte!

As Frysk bedriuw kinst dyn Fryske identiteit fersterkje troch it Frysk sjen te litten yn dyn kommunikaasje. Wy kinne dy dĂȘr by helpe: praktysk, kreatyf en finansjeel!

fan Ășs besikers op praatmarfrysk.nl
Wij wonen sinds anderhalf jaar in Fryslân en doen graag mee aan de campagne. De Friezen mogen grutsk zijn op hun taal !
Joep / Sneek
Wy wolle graach oanjaan oan de klanten dat wy graach yn use memmetaal prate.
Intersport / Dokkum
Ik fyn it leuk om myn kollega's de Fryske taal ûnder de noas te drukken... ;-) Want ik bin d'r grutsk op!
Hinke Janna / Ljouwert
Ik haw de buttons in kear sjoen by in kollega en fûn it sa leuk! Ik wurkje yn de soarch en wol graach útdrage dat ik Frysk mei myn pasjinten prate kin.
Hanna / Ljouwert
Ik bestel it foar ús buurthúskeamer fan 't Leger des Heils yn Dokkum. Ik fyn 't wichtich om de fryske taal under de aandacht te bringen en t fleurt de boel op.
Jolanda / Dokkum
1 2 3 5

Foar dy

Bisto lykas Ășs grutsk op it Frysk en wolst it mear brĂ»ke, sichtber meitsje en hearre litte?
Dan hawwe wy fan alles wat dy dĂȘr by helpe kin!

De Praat mar Frysk Kroechkwis

De leukste Fryske kroechkwis fan Fryslân is der takom jier digitaal!

De Praat mar Frysk-kroechkwis is fanôf takom jier ek as web-app beskikber. Sa kinne wy him foar elk dy’t ‘m oanfreget op maat oanbiede. Leuk foar by jim yn de kroech fansels, mar ek mei kollega’s yn de bedriuwskantine, mei freonen yn de keet of gewoan thús! En it is ek noch hielendal fergees! Jou dy op fia ûndersteand formulier en wy nimme sa gau as mooglik kontakt mei dy op om spesjaal foar jim in kroechkwis gear te stallen. Wy hoopje yn 2024 de earste digitale Praat mar Frysk-kroechkwis út te setten!

Mear witte?

Psychology fan dyn taal

Tinksto der by nei hokker taal ast brûkst yn kontakt mei oaren? Thús, mei freonen, op it wurk, by de dokter of oan de kassa? Makkest it yn in byienkomst wol ris mei dat ien dy freget om Nederlânsk te praten? Wat dochst dan en hoe fielt dat? Dat alles giet de workshop 'Psychology fan dyn taal' oer.

Mear ynfo

Lear mar Frysk

Hoe stiet it der foar mei dyn Frysk? Kinsto de staveringsregels in bytsje? Wat is wol of net in Frysk wurd? Mei ‘Lear mar Frysk’ kinst dyn kennis oer it Frysk teste yn fjouwer fragen. Sjoch gau op www.learmarfrysk.nl oft it ‘Blinder’ of ‘Blunder’ is!

Tsjek dyn Frysk

Frysk op 'e dyk

Der is om ús hinne in hiel soad yn it Frysk te sjen, mar it is soms sa fanselssprekkend dat it ús net mear opfalt. Dat wolle wy mei it sammeljen fan Frysk op 'e dyk-foto’s feroarje. Hasto ek in moaie Frysk op ‘e dyk-foto? Mail 'm nei: ynfo@praatmarfrysk.nl!

Lit mar sjen!

Praat mar Frysk, ek mei nije Fryskpraters

Wistesto dat in tredde fan de Fryskpraters it Frysk as twadde taal hat en it dus net fan hûs út leard hat?

Ut ûndersyk docht bliken dat dy it hiel bot wurdearje dat der Frysk tsjin harren praat wurdt. Ek as se sa no en dan Nederlânsk wer werom prate. Se fine it soms best lestich om Frysk yn it iepenbier te praten en in oanmoediging, komplimint en in bytsje geduld wurdt dan hiel bot op priis steld.

Mear witte?

De Praat mar Frysk app

De Praat mar Frysk-app is in wurdboek en in freone-app yn ien! Dêrneist wurdt de app geandewei it jier geregeld oanfold mei nije funksjes en mooglikheden! Downloade? De app is te finen yn de Apple-store en yn de Androïd-market!

mear witte?

Folgje Ășs op Instagram

📱 FERGETTEN WURD: 'Noaskje' ‌

Ned: bevallen, aanstaan
Eng: to suit, to please, to like

Betsjutting:  nei it sin wĂȘze, mei jins smaak oerienkomme
Synonimen: (ta)lykje, oanstean, befalle, haagje, sinnigje 

WĂȘr komt it wei?
Noaskje kaam ik wer ris tsjin yn in berjochtsje yn myn mailboks in skoftke werom. As antwurd op in foarstel foar in îfspraak: ‘dat noasket my wol’. Dat stiet my wol oan. It kin dy ek ‘net noaskje’ en dan befalt it dy net, of stiet it dy net oan. Ik fyn it in moai wurd om’t it yn dy foarm bygelyks net yn it Nederlñnsk foarkomt: dat neust mij wel of dat neust mij niet... ik ha it noch nea heard.

WĂȘr’t it wurd weikomt is fansels net sa’n ferrassing, want ast sjochst hoe’t it skreaun is, is it dĂșdlik dat it fan ‘noas’ komt. De Ăștspraak kin miskien noch wol foar wat betizing soargje om’t it in wurd mei ‘brekking’ is. De oa klank feroaret yn in ‘wa’ klank. It noasket my, betsjut dus eins ‘it befalt my wat ik rĂ»k’, ‘de geur stiet my wol oan’, ‘ik ha der efkes oan snuffele en ik fyn it goed’. 

It grappige is dat yn it Frysk ek it wurd ‘mĂ»lkje’ foarkomt mei deselde betsjutting. Dat mĂ»lket my, betsjut ek: dat befalt my. Dat smakket my lekker (yn oerdrachtlike sin).

DĂȘrneist is dit ek in moai momint om minsken yn it sin te bringen dat it yn it Frysk dochs ek ‘noas’ is en net ‘neus’. Ik hear dat in hiel soad om my hinne. En it is jĂșst sa moai dat it Ingelske ‘nose’ en it Fryske ‘noas’ sa bot opinoar lykje. HĂąld dat der yn. Dat soe my wol noaskje.

---

Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslùn Radio yn it programma Goeiemiddei mei Johan Terpstra
đŸ„łđˆđ­ 𝐱𝐬 #đ…đ«đČđŹđ€đžđ…đ«đžđžđ! 𝐄𝐧 𝐝𝐚𝐭 đŸđąđžđ«đž 𝐰đČ 𝐡𝐣𝐹𝐞𝐝 𝐩𝐞𝐱 𝐝𝐞 đ‘đžđ đąđšđđšđ§đ€!đŸ„ł

In skoftke lyn berjochten wy der al oer: by Van Campen & Dijkstra RegioBank yn FryslĂąn kinst gewoan #Frysk prate. En dĂȘr meie wy fansels wol oer! Wy gienen op 'e kofje om te hearren wat it Frysk harren opsmyt! Tsjek de fideo!

âžĄïžMei spesjale tank oan de RegioBank Gorredijk, Van Campen & Dijkstra RegioBank Sneek, Van Campen & Dijkstra RegioBank Burgum en RegioBank Grou! 🏩💗
Sjoch ris oan! Noch in moaie #Frysk op 'e dyk foto!📾

Sjoen yn Utert! Mei tank oan Emma Rixt!😊

Hasto ek in moaie #Frysk op 'e dyk-foto? Mail 'm nei: ynfo@praatmarfrysk.nl!
En alwer in moaie #Frysk op 'e dyk foto!📾

Mei tank oan Monique!😊

Hasto ek in moaie #Frysk op 'e dyk-foto? Mail 'm nei: ynfo@praatmarfrysk.nl!
Gjin grap, wy binne alwer april! In nije moanne! En dit is de AfĂ»k-boeketip 10 fan april 2024! Lekker lĂȘze en noch in nolike twadde Peaskedei! 🐰📚😄

‌ Sit der wat foar dy by? Of sikest wat oars? âŹ‡ïž

https://websjop.afuk.frl/frl/producten/afuk-boeketip-10/
📱 FERGETTEN WURD: 'Manneboet' ‌

Ned: verantwoordelijkheid
Eng: responsibility

Betsjutting:  op eigen manneboet – op eigen inisjatyf, op eigen ferantwurding
Synonimen: op eigen houtsje

WĂȘr komt it wei?
Manneboet komme wy eins allinnich mar tsjin yn de fĂȘste Ăștdrukking ‘op eigen manneboet’, eat op eigen manneboet dwaan, op eigen houtsje, op eigen ferantwurding.

No is neist ‘manneboet’ ek ‘banneboet’ bekend en dĂȘr sit de kaai fan it komĂŽf fan dizze Ăștdrukking. It komt fan oarsprong fan ‘ban en bod’ of ‘ban en boed’ en giet werom op de rjochtspraak. Beide wurden ‘ban’ en ‘bod’ wize werom op in ferbod. In ‘ban’ is in straf, ferfolging (tink ek oan ferbanning), en in ‘bod’ is in bekendmakking, befel, daging. It gie dĂȘrby fan oarsprong dan om ‘ban en bod’ fan de kening. De Ăștdrukking betsjut dus datst it risiko nimst om wat te dwaan wylst witst dat der in straf op stiet. Dat nimst dus foar eigen rekken.

Yn it Aldfrysk en ek yn oare Germaanske talen komt de kombinaasje fan ban en bod in soad foar. Troch ynfloed fan de ‘n’ yn it wurd ‘eigen’ is de ‘b’ feroare yn in ‘m’. En om’t de koarte ‘o’ klank feroare is yn ‘oe’ hat dat der foar soarge dat gauris tocht wurdt dat ‘boet’ werom giet op ‘boete’, mar dat is net sa. Eins soe ‘manneboet’ ek mei in ‘d’ op ‘e ein skreaun wurde moatte yn stee fan mei in ‘t’.

It grappige is, dat de Ăștdrukking ek yn it Nedersaksysk yn allerhande foarmen foarkomt. DĂȘr is ‘op iegen bandevoet (of bandevout)’ it meast gongber, al komt ‘man en voet’ bygelyks ek foar. Hjir is de Ăștdrukking ek feroare om’t men net mear wit wĂȘr’t er fan oarsprong weikomt en is ‘boed/bod’ feroare yn ‘voet’ om it foar de brĂ»ker begryplik te meitsjen.

Om’t it gebrĂ»k fan ‘ban en bod’ net mear bekend wie en trochdat der benammen foar komt yn de Ăștdrukking ‘op eigen...’ is dy stadichoan hieltyd mear feroare.
(Boarne: Teake Hoekema, Us Wurk, 1961 en 1962.)

---
Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslùn Radio yn it programma Goeiemiddei mei Johan Terpstra
Copyright © 2024 Praat mar Frysk | Privacy Policy
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram