Ken Ho komt út Hong Kong en hat dêr ek yn 3 moanne Nederlânsk leard. Hy is bot ynteresearre yn taal. Hy praat sels Kantonees, in taal dy’t, ek al wurdt dy troch 67 miljoen minsken praat, ûnder druk stiet om’t de regearing yn Sina benammen it Mandarijn promoot (850 miljoen sprekkers). Dat is wêrom’t hy ek ynteresearre is yn it Frysk.

Hy is no al in skoftke yn Fryslân en wol no it Frysk leare en safolle mooglik ferskillende farianten fan it Frysk (de dialekten dy’t op de eilannen praat wurde en it Hylpersk). Hy wol it Frysk ek promote en minsken bewust meitsje fan de rykdom fan de taal en dat it wichtich is dat dy brûkt wurdt en trochjûn wurdt. En hy wol sjen oft hy dingen dy’t yn it Frysk dien wurde om de taal te promoten ek yn Hong Kong brûke kin foar it Kantonees. Hy hat dus in soad ambysje! Hy praat en skriuwt al floeiend Nederlânsk en wit mear oer it Frysk as de trochsneed Fries. Hy hat ek in filmke makke dêr’t er wat oer himsels ferteld.

Update: yntusken hawwe de Nasjonale en Fryske media Ken Ho ek ûntdutsen. Lykas hjir en hjir en hjir en hjir. Noch efkes en Ken is sa ferneamd dat wy him aanst ‘gewoan’ Us Ken neame. 🙂