Kroechkwis

De Praat mar Frysk-kroechkwis is de leukste Fryske kroechkwis fan Fryslân! In pear kear per jier strike wy del yn de gesellichste kroegen fan Fryslân!

De Praat mar Frysk-kroechkwis is de leukste Fryske kroechkwis fan Fryslân! In pear kear per jier strike wy del yn de gesellichste kroegen fan Fryslân mei fragen oer de Fryske taal en kultuer. Fan sport oant skiednis en fan lokale roddels oant Fryske muzyk, it sit der allegear yn!

Wolsto ek ris in Praat mar Frysk-kroechkwis by dy yn ‘e kroech? Dat kin! Wy regelje it fergees en soargje foar in prachtich jûnfoljend programma om de Fryske taal hinne. Mear witte? Stjoer ús in mailtsje en wy komme der gau sa gau as mooglik op werom!

De Praat mar Frysk-kroechkwis wurdt mei mooglik makke troch de Afûk, Weidenaar Worst, Sonnema en Drukkerij Van der Eems.

Op freed 18 oktober strike wy del yn kafee ‘s Lands Welvaren yn Wergea mei de leukste kroechkwis fan Fryslân: de Praat mar Frysk Kroechkwis! En in moanne letter op sneon 30 novimber om 19:30 organisearje wy in Fryske Kroechkwis yn kafee ‘t Hert op De Jouwer!

Moaie prizen winne? Jou dyn team no op fia: praatmarfrysk@gmail.com! Dielname is fergees en as jim net winne, belove wy dat jim sawysa in moaie jûn hawwe sille! Dogge jim mei?

De Fryske Kroechkwis wurdt mei mooglik makke troch de Afûk, Sonnema, Weidenaar en drukkerij Van der Eems.

IMG_4191