Yn 2018 wurde yn Ljouwert en Fryslân mei Lân fan Taal alle talen fan ‘e wrâld fierd. Mei in hiel soad aktiviteiten, foarstellings en keunstwurken yn de stêd en de provinsje. Om in yndruk te krijen fan it programma fan Lân fan Taal krigest no snein op it UIT Festival alfêst in foarpriuwke!
Spylje in potsje trijetalich scrabble op in libbensgrut scrabbleboerd. Scrabbelje mei Nederlandse, Fryske en English words… Wurde it ‘gewoane’ wurden of wurdt it klearebare poëzij? Of kom nei it optreden fan Xera-Raíz (foto)! Dizze band komt fan oarsprong út Asturië yn it noarden fan Spanje. Lústerje nei de bysûndere klanken fan de Asturyske taal en tradisjonele ynstruminten lykas de Bouzouki, de Hurdy-gurdy (draailier) en de Asturyske rebec. Hoe soe dat klinke yn kombinaasje mei de Fryske taal? Fansels stiet de PraatmarFrysk-praatpeal der ek! Dêr kinst dyn moaiste wurd efterlitte yn dyn favorite taal. Wês wolkom! Wy sjogge dy graach!
En op it Lân fan Taal poadium yn de Ljouwerter Prinsetún in prachtich meartalich programma: