Lokwinske Gouden Jorrit!


Wy fan Praat mar Frysk lokwinskje ús Gouden ambassadeur Jorrit Bergsma mei syn magistrale race en dikfertsjinne gouden medalje op de 10km tidens de Olympyske Spullen yn Sotsji. Wat in geweldige topprestaasje! Wy binne grutsk dat wy der nei it goud fan Epke Zonderland wer in Olymysk gouden medalje-PraatmarFrysk-ambassadeur by hawwe!
En fansels binne wy ek grutsk op al dy oare toppers dy’t al dat earemetaal nei Fryslân helle hawwe. Sa sjochst mar wer, wij kunnen hier in Friesland wel een stukje reetrijden!