Arno Brok is hjoed offisjeel beëdige as kommissaris fan de Kening yn Fryslân. Dat waard dien troch Kening Willem-Alexander op Paleis Noordeinde. Brok lei dêrby de eed ôf yn it Frysk.

De nije kommissaris begjint 1 maart offisjeel mei syn wurk, op dit stuit is er noch boargemaster fan Dordrecht. Brok wie earder boargemaster fan Snits en wethâlder yn Ljouwert. Hy wie ek foarsitter fan de Afûk.

(foto: ANP)

Boarne: Omrop Fryslân