De website Taalweb.frl, dêr’t Fryske taalhelpmiddels op te finen binne, is hjoed fernijd en útwreide mei nije staveringshifkers en in digitale edysje fan it Frysk Hânwurdboek.

De website is no responsyf makke. Dat betsjut dat de website no makliker te brûken is op smartphone en tablet. De online Staveringshifker is ferbettere en oanfolle mei sa’n 600 nije aktuele wurden. De online Oersetter, dy’t Fryske teksten nei it Nederlânsk oerset en oarsom, is oanpast oan de staveringsoanpassingen fan 2015 (bgl. drûch, iuw, útnûgje, telefyzje).

Nij op Taalweb is in downloadside mei mear as 10 staveringshifkers foar allegear programma’s en platfoarms, û.o. foar Word, Outlook, Word foar Mac OS X, Mozilla en Libre Office/OpenOffice.

Op dy side is ek de fernijde digitale útjefte fan it Frysk Hânwurdboek beskikber foar Windows, Apple en Linux.

Yn dit ientalich Frysk Hânwurdboek, dat foar it earst yn 2008 ferskynde as boek en cd-rom, wurde sa’n 70.000 wurden beskreaun: grûnwurden, gearstallingen, ôfliedingen, ôfkoartingen, synonimen en besibbe wurden. It wurdboek jout in protte omtinken oan de eigentiidske wurdskat. Yn ’e nije digitale edysje fan it Frysk Hânwurdboek is de staveringsoanpassing fan 2015 ferwurke.

Taalweb Frysk, ûntwikkele yn opdracht fan Provinsje Fryslân, is ornearre foar elkenien dy’t Frysk skriuwe wol. Mei in breed en fergees oanbod fan taalhelpmiddels dy’t de skriuwfeardigens yn it Frysk stypje, is it platfoarm unyk yn ‘e wrâld en in foarbyld foar oare lytse talen. Alle produkten fan Taalweb Frysk binne fergees te brûken en te downloaden.