Jonathan
"Wat de Fryske taal foar my betsjut? In manier fan leven. Gewoan wêze wa’tst bist."



Sjoerd
"Ik tink dat minsken dy’t war dogge om de Fryske taal te learen der absolút by hearre."



Anna Fardau
"Ik fyn it moai dat jim tiid en muoite stekke wolle yn it Frysk en it Frysk leare wolle."



Wistesto dat in tredde fan de Fryskpraters it Frysk as twadde taal hat en it dus net fan hûs út leard hat? En dat dat om goed 150.000 minsken giet? Dêrneist geane der alle jierren hûnderten minsken op kursus om’t se it Frysk graach ferstean, lêze of prate wolle.

Ut ûndersyk docht bliken dat dy it hiel bot wurdearje dat der Frysk tsjin harren praat wurdt. Ek as se sa no en dan Nederlânsk wer werom prate. Se fine it soms best lestich om Frysk yn it iepenbier te praten en in oanmoediging, komplimint en in bytsje geduld wurdt dan hiel bot op priis steld. Troch it Frysk te hearren en te brûken learst it it fluchst. Dêr kinne wy allegear oan bydrage. Sa hâlde wy mei-inoar it Frysk yn libben!

OER IT PROJEKT

Yn 2020-2022 hawwe Ruth Kircher fan de Fryske Akademy/Mercator, Ethan Kutlu fan de Universiteit fan Iowa en Mirjam Vellinga fan de Afûk ûndersyk dien nei de motivaasje fan minsken om op in kursus Frysk foar net-Frysktaligen te gean en nei harren motivaasjes om dêrnei it Frysk yn de praktyk ek te brûken. Op basis fan de útkomsten fan dat ûndersyk is dizze kampanje ta stân kaam.

Sjoerd

“ Ik tink dat minsken dy’t war dogge om de Fryske taal te learen der absolút by hearre.”

Anna Fardau

“Ik fyn it moai dat jim tiid en muoite stekke wolle yn it Frysk en it Frysk leare wolle.”

Jonathan

“Wat de Fryske taal foar my betsjut? In manier fan leven. Gewoan wêze wa’tst bist.”

NIM IT OP FOAR DE NIJE FRYSKPRATERS

Hasto ek in oanmoediging foar de minsken dy’t Frysk leare?